en fy eu mk sl ga

Iepening Gysbert Japicxjier 2016 yn Boalsert

Op sneontemiddei 21 maaie om 15.00 oere wurdt it Gysbert Japicxjier 2016 feestlik iepene yn de Martinitsjerke fan Boalsert. Betocht wurdt dat 350 jier lyn, yn 1666, dizze Fryske dichter ferstoar. Mei in ryk program wurdt stilstien by Gysbert Japicx as histoarysk figuer, by de wize wêrop’t wy troch de iuwen hinne him besjoen en ynterpretearre hawwe. Mei fertsjintwurdigers út ferskate sektoaren fan de Fryske mienskip wurdt praat oer de betsjutting fan Gysbert foar it Fryslân fan hjoed en moarn.

It programma bestiet út ûnder oaren: Minikolleezjes fan Abdelkader Benali, Sietske Poepjes, Henry Baron en Meindert Reitsma. In paneldiskusje mei Oeds Westerhof, Sigrid Kingma, Wilhelmina Vroegindeweij, Jan Kroon, Tryntsje van der Veer en Sybren Posthumus. Der binne lieten en muzyk fan Hans Wempe, Simone de Witte, Sybo Boersma, Janneke Overal en it Gysbert Japicxkoar ad hoc. Gysbert as ynspiraasje foar Fryslân!

WHEN

May 21
15:00

WHERE

Bolsward, the Netherlands