en fy eu mk sl ga

Literêre middei yn Baskyske sfearen

Op sneintemiddei 22 oktober organisearret Other Words/Oare Wurden yn gearwurking mei húskeamerteater De Wier yn Koarnjum in Baskyske literêre middei. Der trede ferskate skriuwers op, der binne fraachpetearen en der is muzyk. De presintaasje is yn hannen fan Karen Bies.

De Fryske skriuwer Bart Kingma en de Biltske skriuwer Gerard de Jong hawwe yn it ramt fan Other Words acht wiken yn de stêd Donostia (San Sebastián) yn Spaansk Baskelân wenne. Bart wie dêr yn de hjerst fan 2016 en Gerard yn de maityd fan 2017. Baskelân hat op beide in grutte ynfloed hân. Bart hat yntusken it Baskyske ferhaal Sera publisearre en Gerard wurket oan in essay oer idintiteit, wêrby ’t er de situaasje op it Bilt en yn Fryslân mei Baskelân ferliket. Karen Bies giet mei de beide skriuwers yn petear oer harren ûnderfinings en de literêre ynspiraasje dy’t Baskelân harren brocht.

De Baskyske skriuwer Eneko Aizpurua Urteaga (1976) is foar Other Words fan heal oktober ôf acht wiken te gast yn Fryslân. Hy skriuwt krimi-romans, koarte ferhalen en wurket as oersetter foar de Universiteit fan Navarra. Hy sil dizze middei yntrodusearre wurde.

Syds Wiersma wie earder koördinator fan Other Words/Oare Wurden yn Fryslân en is dichter. Spesjaal foar dizze middei hat er poëzij fan ferskate ferneamde Baskyske dichters nei it Frysk oerset. In part fan syn oersettingen ferskynt yn desimber 2017 yn in temanûmer fan it Fryske literêre tydskrift Ensafh oer de Baskyske literatuer. De gedichten sille klinke yn it Baskysk en it Frysk.

De Baskyske literêre middei fynt plak op snein 22 oktober fan trije oere oant fiif oere yn Húskeamerteater De Wier yn Koarnjum. Der by wêze? Dat kin, mar jou dy dan wol efkes op by Bob de Boer: 06-54763154 of bobdeboer@pinupsanddowns.com. De yntree is € 7,50.

WHEN

October 22
15:00

WHERE

Húskeamerteater De Wier