en fy eu mk sl ga

Oare Wurden op it Tosta-Festival yn Dokkum

It reizgjend, ynternasjonale festival Tosta is ûnderdiel fan de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Op de Dokkumer Merk stiet yn it wykein fan 3-4 septimber in‘Tosta Village’, in kreatieve, hippe hoeke mei in poadium, in demonstraasjeromte foar it meitsjen fan origama en in winkeltsje dêr't de sân minderheidsregio’s dy't dielnimme oan it Tosta-projekt streekprodukten presintearje. 

Op sneintemiddei tusken 14.30 en 15.15 oere is der op it poadium oandacht foar Other Words. Ommers, wy binne ek in útwikselingsprojekt fan lytse Europeeske (taal)regio's. Mei de Fryske skriuwers André Looijenga en Bart Kingma, beide selektearre foar in skriuwersferbliuw om utens - André yn Masedoanië en Bart yn Baskenlân - wurde fraachpetearen holden. André sil optrede mei poëzy en ferhalen dy't er by syn ferbliuw yn Masedoanië makke. Bart sil fertelle oer de plannen foar syn ferbliuw yn de Baskyske stêd San Sebastián, oktober-novimber 2016.  

It Tosta-festival wurket oan in groeiend keunstwurk dêr't alle sân regio's in part oan bydrage, sadat der in bysûnder mozayk ûntstiet. By it festival yn Dokkum wurde de keunstwurken fan de keunstners út de sân regio's byelkoar brocht. Foar Fryslân docht Aukje Schaafsma mei. 

WHEN

September 04
14:30

WHERE

Dokkum