en fy eu mk sl ga

Optreden André Looijenga op it Drimon Festival yn Struga

Op it Drimon Festival yn Struga sil op tongersdei 28 july André Looijenga optrede. Hy wol de minsken yn Masedoanië yn de kunde komme litte mei it Frysk, en de klank fan it Frysk hearre litte. Hy sil fertelle, foardrage, Fryske muzyk hearre litte, en hooplik ek fragen te beäntwurdzjen krije út it publyk.

It ûnôfhinklike Drimon Festival hat op syn posters in giele flesse mei it opskrift ‘tsjin hypokrisy, diskriminaasje, kultuerfergiftiging en alle soarten firussen en parasiten’. Ien fan de yngrediïnten fan dit tsjingif wurdt dus Fryske poëzij. It frij tagonklike en idealistyske festival duorret fiif dagen mei in breed programma oan muzyk, film, literatuer en debat.

Struga leit oan de Mar fan Ohrid. Troch de twatalige stêd streamt de rivier Drim of Drin, dy’t út de mar wei troch it berchlân nei de Adriatyske See rint. Der wenje yn de stêd sawat likefolle Masedoaniërs as Albanezen.

WHEN

July 28
20:30

WHERE

Struga