en fy eu mk sl ga

Optreden Kristina Kočan mei de band Xera-Raíz

Kristina Kočan, de Sloveenske dichteres dy’t foar Oare Wurden te gast is yn Fryslân, sil snein 5 augustus foardrage yn it Talepaviljoen MeM. Se sil optrede mei de band Xera-Raíz út Asturië (Noard-Spanje), op de earste middei fan de Asturyske wike yn it Lân fan Taal. Xera-Raíz makket in oansteklike en hiel orizjinele miks fan tradisjonele folksmuzyk en rock yn de Asturyske taal.

 

Kristina Kočan (1981) út Maribor skriuwt neist poëzij ek koarte ferhalen en songteksten. Se hat trije dichtbondels, twa boeken mei oersettings en in proefskrift oer Amerikaanske poëzij op har namme stean. Dêrneist wurket se yn Slovenië foar optreden ek in protte gear mei muzikanten.

 

Talepaviljoen MeM is de smûke houten koepel yn de Prinsetún, neist it HCL. It optreden is fergees tagonklik. Wa’t dit simmer noch net yn MeM west hat, moat him dêr eins nedich ris deljaan foar muzyk, poëzij en moaie frjemde talen. No snein bygelyks.

WHEN

August 05
15:00

WHERE

Ljouwert, Prinsetún, Talepaviljoen MeM