en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-06-13 14:25 —

André goed oankaam yn Bitola

Nei in lange treinreis oer ferskate Europeeske stêden is André Looijenga ôfrûne sneon goed oankommen yn Bitola, Masedoanië. Hy waard dêr ferwolkomme troch Alek Mishevski fan Forum na Mladi. Dit jongereinforum koördinearret it Oare Wurden projekt yn Masedoanië. André hie sneintemiddei daliks in moeting mei de jonge proazaskriuwer Alex Bukarski en mei Marija Makeska, filmmakker, skriuwer en byldzjend keunstner. Marija Makeska hat lang yn Detroit wenne. Hjoed giet André mei Alek en Marija nei in byienkomst yn it Museum yn Bitola. Dêr fynt in ynformaasjesessy plak oer it programma ‘Kreatyf Europa’ fan de EU.