en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-06-28 21:00 —

André Looijenga syn earste wiken yn Bitola

It Europeeske útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen – Other Words / Oare Wurden – is no echt los. Skriuwers út Baskenlân, Masedoanië, Sloavenië, Ierlân en Fryslân hâlde by elkoar ta en skriuwe oer harren aventoeren yn it gastlân en de kultuer en taal dêr’t se yn bedarre binne. De Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin hat yn april-maaie seis wike yn Ljouwert wenne en wurke. Op it stuit is der in jonge Masedoanyske dichter yn de Baskyske stêd San Sebastian, wylst ús eigen André Looijenga yn de stêd Bitola yn Masedoanië sit. Freed kiest de Fryske sjuery de skriuwer dy’t kommende hjerst nei San Sebastian ta sil. Yn dyselde perioade is der in Masedoanyske skriuwer yn Fryslân.

André Looijenga is mei in moai skriuwplan nei Bitola ôfreizge. Hy sil skriuwe oer it reizgjen sels. It literêre reisferhaal hat syn bysûndere oandacht. Dêrom is er net op it fleantúch stapt, mar reizge er mei de trein oer München, Wenen, Belgrado nei Skopje, de haadstêd fan Masedoanië, en doe fierder nei Bitola yn it suden fan de Masedoanyske republyk. Yn Bitola wurket er oan syn ferhaal, mar besiket er ek mei Masedoanyske skriuwers yn ‘e kunde te kommen, bygelyks om mei harren Masedoanyske poëzy nei it Frysk oer te setten. Fierders is er in soad op 'e swalk; troch de stêd Bitola en de bergen om de stêd hinne. Hy wol mei Masedoaniërs en de Masedoanyske literatuer yn petear kommen, om sa de kultuer en de taal better te learen.

Foarige wike hat André yn de haadstêd Skopje west en dêr luncht mei de Nederlânske ambassadeur Wouter Plomp en syn famylje. Sy hawwe praat oer Fryslân en Masedoanië, de Fryske en Masedoanyske literatuer en André syn eigen literêre projekt. Ek de aktiviteiten fan Forum na Mladi, de organisaasje dy’t yn Bitola ferantwurdlik is foar de útfiering fan Other Words / Oare Wurden binne bepraat. De ambassadeur wie optein en sil André yn kontakt bringe mei de Nederlânske auteur Gerbrand Bakker, dy't ynkoarten ek yn Masedoanië tahâldt. It útstapke nei Skopje waard ôfsluten mei in fraachpetear fan Space Radio Macedonia mei André. Dat stiet yntusken op Youtube, sjoch hjir.

Ein july stiet André ynprogrammearre op it Drimon Festival yn de Masedoanyske stêd Struga. Dat is in ûnôfhinklik cross-mediaal kultureel festival. Hy sil dêr fertelle en foardrage, mar wol ek opnames fan muzyk út Fryslân hearre litte en bylden fan Fryslân sjen litte. Hy hat dêrfoar kontakt socht mei it Fries Film Archief. Sjoch: http://drimonfestival.org/za-nas/za-festivalot-drimon

André lûkt in soad op mei Marija Makeska, in jonge Masedoanyske filmmakker, skilder en skriuwer dy't lang yn Detroit wenne hat. Se wurket foar Other Words yn Bitola. Se leit kontakten en sljochtet mooglike taalbarriêres.

Wy hawwe leard fan it gastferbliuw fan de Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin yn april-maaie yn Ljouwert. Dêrom biede wy de Masedoanyske skriuwer dy’t fan ’t hjerst yn Ljouwert wêze sil de mooglikheid fan in fêste 'kompaan' oan. André is dan werom yn Fryslân en faaks kinne wy in berop dwaan op syn kennis fan de Masedoanyske taal en kultuer. It soe samar wêze kinne dat hy dizze Masedoanyske skriuwer, dy't noch selektearre wurde moat, al moete hat.

Folgje André en alle oare skriuwers dy't foar it projekt Oare Wurden op 'en paad binne of west hawwe op:

http://otherwordsliterature.eu/

http://oarewurden.frl/