en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-08-01 15:30 —

André Looijenga syn optreden op it Drimon Festival, Struga, 28 july

Drimon is in ûnôfhinklik kultureel festival yn Struga, de twadde stêd oan de Mar fan Ohrid, yn Masedoanje. Ik haw fan it fiif dagen duorjende festival de tongersdeitejûn meimakke. It park en it iepenloftteater wiene tichtby de mar. Doe’t wy oankamen, ha wy earst mar nei it strân west. It wetter wie hearlik, en op in stuit swommen der ynienen twa swannen mei fiif piken op oardel meter by ús foarby.

Drimon is net in grut festival. De sfear is ûntspannen, mar dat jildt ek foar de organisaasje: dingen begûnen net echt neffens de tiid op it programma. Tsjin de tiid dat it publyksdebat dien wie, skimere it yn it park. Myn taharkers sieten gemoedlik op sitsekken yn it gers. It publyk by Drimon is relatyf jong en alternatyf.

De measte Masedoaniërs witte neat oer Fryslân of oer it Frysk. Dêrom bin ik myn presintaasje begûn mei in persoanlike ynlieding oer myn leafde foar de taal. As titel hie ik myn praatsje jûn: The Sounds of Frisian / De lûden fan it Frysk / Звуците на фризискиот јазик – want ik woe de harkers foaral meijaan hoe’t ús taal klinkt. De taalsituaasje by ús haw ik ek taljochte, mei de minne posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis. Yn ferliking mei it Albaneesk (en Turksk) hjir yn Masedoanië, kinne je sels sizze dat de Nederlânske oerheid de minskerjochten fan de Frysktaligen skeint troch sa sleau te wêzen.

Ik hie folle mear materiaal as ik yn in healoerke hearre en sjen litte koe. Ik keas derfoar om myn eigen poëzij foar te lêzen, en wat fan de Fryske muzyk te toanen. In fado fan Nynke Laverman paste betsjoenjend goed by de poëzij en by de flústerjende sfear yn it park. Mar ik hie ek in hiel oar nûmer, moderne Fryske folksmuzyk: ‘De herder en de wetterhûn’ fan Strawelte en De Hûnekop, wêrby’t ik de djippere kulturele betsjutting fan it bûsnyft útlein haw.

Fan myn eigen gedichten haw ik trije foardroegen, dy’t ek ferskate kanten sjen litte. Dejan, ien fan de frijwilligers by it festival, hat myn Ingelske ynliedinkjes by de fersen foarlêzen. Ik hie gjin oersettings makke of meitsje litten, mar liet de Fryske tekst op in skerm projektearje. Ik begûn mei ‘Wrâld’, wat hiel abstrakts, in taalkundich ynspirearre ready-made. Dêrnei lies ik ‘Tusken de ljochten’, dat ynspirearre is troch de lûden yn in simmernacht by de Skriuwersarke. En ik slute ôf mei ‘Brief tsjin de ynklinking’, in opruiend fers oer ús fernielde leechfeangebieten mei idealistysk engaazjemint foar in bettere wrâld deryn.

Doe’t ik klear wie, begûn der in Elvis Presley-tribute band te spyljen op it haadpoadium. Yn it iepenloftteater wie it as op in noflik doarpsfeest, mei doarpsfeestbier út plestik bekers. It poëzijoptreden nei my waard ferskood nei it skoft tusken twa bands. De Roemeenske dichteres Denisa Duran (*1980) lies har fersen oer fysike yntimiteit en mem-wurden hiel tear en tagelyk sterk foar, sels yn it Roemeensk, mei in opnommen Masedoanyske oersetting, foto’s en klanken derefter en trochhinne. Yndringend moai.

Ik harke in pear minuten nei de âlde punkband út Novi Sad (Servië) dy’t doe op it programma stie, mar gie dochs leaver eefkes in slach troch de buorren om te sjen hoe’t Struga der fierder hinne lei. Oan de kaden oan de Drim (of Drin) steane nijboude paleiskes en binne it foaral de gauris stoef sjende Albanezen dy’t útgeane. Ik socht it stadich ôfbrokkeljende eks-Joego kultuersintrum doe mar wer op.

André Looijenga

 
Tusken de ljochten

op ’e hoarizon ien stip ljocht ferdwynpunt
as tajefte ûnderoan de stjerrehimel

yn soele djipnacht digerje ik it petgat oer
en hein in skruten plûns efter de reiden
fan guozzen nachtliet mei refrein
en fisk – ja en grif in fisk

ek wer it lange lûd, omfierrens, neier
fan net-dêr fuort, boazet it oan
in auto wurdt wer wei, nei in net-hjir

wat krûpt en gûnst en my net byt
wat earne yn it wetter roert
my is it leaf, mar it moaiste jit

sa nachts in swierder droan fan earne wei
en earne hinne brimmend asfalt, rubber en metaal
in iere molkûntfangst, in feeferfier
longerich ree ta echte wurken
in frachtwein sjongt by it betiidste ljocht
en rôlet grânzgjend út earsein