en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-08-03 09:10 —

André Looijenga freed werom út Masedoanië

Freed komt André Looijenga werom út Masedoanië. Hy wie de earste Fryske skriuwer dy’t foar it Europeeske útwikselingsprojekt Other Words acht wiken yn in oare lytse taalmienskip taholden hat. Op útnûging fan it jongereinforum Forum na mladi hat er wenne en wurke yn de stêd Bitola yn it suden fan Masedoanje. Wy hawwe genoaten fan syn ynformative en bytiden (sels)-iroanyske blochs op de websiden fan Oare Wurden en literêr tydskrift Ensafh, en fan syn posts op facebook.

It wie in fruchtber ferbliuw. André hie in skriuwplan mei twa dúdlike doelen. Yn it foarste plak woe er syn ûnderfinings yn Masedoanië, en benammen yn Bitola en omkriten, brûke foar it skriuwen fan literêre non-fiksje, in foarm dy’t er op eardere reizen troch Europa al útprebearre hie. Syn blochs wienen fingeroefeningen en rûch materiaal dêrfoar. No aanst werom yn Fryslân sil er blochs en notysjes fierder útwurkje. It einprodukt  dat dêr útkomt, sil yn it Ingelsk oerset wurde en ferfolgens yn de oare dielnimmende talen fan it Other Wordsprojekt: Masedoanysk, Baskysk, Iersk en Sloveensk. It wurdt yn alle gefallen op de webside fan Other Words publisearre en grif ek wol earne op papier.

André syn twadde doel wie it lizzen fan kontakten mei Masedoanyske skriuwers en útjouwers foar in oersetprojekt dat er de kommende jierren stal jaan wol. Dy kontakten lykje him aardich slagge te wêzen. Op social media seagen wy geregeld posts oer nijsgjirrige moetings mei Masedoanyske skriuwers en oare literêre figueren. Tegearre mei de oersetter en útjouwer Mihajlo Sviderski sil André in blomlêzing fan Fryske poëzij yn Masedoanyske oersetting útbringe. Utwikseling en de kreaasje fan nije literêre netwurken is ien fan de wichtichste doelstellings fan Other Words. Wy sjogge út nei de earste publikaasjes yn Ensafh, it Frysk literêre tydskrift dêr’t André yn de redaksje sit.

André, wy sille dyn deistige Masedoanyske 'post' misse, mar lykwols, wolkom thús! Yn augustus hast alwer in 'writer’s residence', dizze kear op de Skriuwersarke. Súkses dêr mei de skriuwerij, en wy folgje dyn posts út de petgatten.

Petre M. Andreevski (1934-2006), neffens de measten de grutste Masedoanyske skriuwer en dichter. Ferneamd om syn leafdesgedichten yn de bondel Denicija en syn histoaryske roman Pirej ('Taaigers'). It wurk fan Petre waard foar André in reade tried by syn reizgjen troch Masedoanië.