en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-06-07 09:30 —

André Looijenga ûnderweis nei Masedoanië

Looijenga syn plan foar in ferbliuw yn Bitola waard april dit jier selektearre út fiif ynstjoerde plannen fan Fryske skriuwers. Njonken it wurkjen oan syn literêre reisreportaazje sil er him ferdjipje yn it funksjonearjen fan de Masedoanyske taalmienskip en it plak fan de literatuer dêryn. Sa wol er besykje yn kontakt te kommen mei Masedoanyske skriuwers mei wa't er highlights ut de Masedoanyske en Fryske literatuer oersette kin, nei it Frysk en it Masedoanysk.

Oer syn wurk en ûnderfinings berjochtet er de kommende wiken op de websiden fan Oare Wurden en it Frysk literêre tydskrift Ensafh. De hinnereis nei Bitola docht Looijenga mei de trein. Syn tocht oer München, Salzburg, Wenen, Budapest, Belgrado en Skopje nei Bitola is ûnderdiel fan syn skriuwplan. Hy wol de reis nei Bitola stadich meitsje.

Nei ôfrin fan Looijenga syn ferbliuw yn Bitola wurdt de literêre reisreportaazje dy’t er makket, oerset yn it Ingelsk en de talen fan de oare Europeeske lytse taalgebieten dy’t dielnimme oan Other Words: Baskysk, Iersk, Sloveensk en Masedoanysk.  

Folgje André Looijenga syn Masedoanyske reisaventoeren op:
oarewurden.frl
ensafh.nl
facebook.com/oarewurden