en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-10-06 12:21 —

Bart Kingma kommende snein nei San Sebastián

Kommende snein reizget de Fryske skriuwer Bart Kingma nei San Sebastián yn Spaansk Baskelân. Hy sil dêr foar it Europeeske útwikselingsprojekt Other Words acht wiken wenje en wurkje. Syn doel is om dêr in begjin te meitsjen mei syn nije roman Sera, dy’t foar in grut part yn Spaansk Baskelân spilet. De Baskyske muzyk wurdt in wichtich motyf yn it boek en Kingma sil syn skriuwersferbliuw yn San Sebastian dêrom ek brûke om djipper yn dy muzyk te dûken.

Sera giet oer in Fryske sjongeres dy’t op in dea spoar yn har karriêre sit. Boppedat sit in traumatyske ûnderfining út har jeugd har dwers. Se beslút om in skoft nei Baskelân te gean, om har dêr ynspirearje te litten troch de rike Baskyske muzyktradysjes. Yn San Sebastián komt se yn ’e kunde mei in Baskyske singer-songwriter. Dy moeting, dy’t har bewust makket fan de wjerbarstige Baskyske skiednis en kultuer, set har eigen ferline op skerp en sil liede ta de konfrontaasjes dy’t al langer op ’e loer leinen.

‘Foardat ik de roman skriuwe kin, moat ik earst gefoel by it lân en de minsken krije. Ik wol de stêd, it libben, it lân priuwe, omhingje yn muzykkafees, swalkje troch de streek. Ik wol dêr ek in fyts hawwe, want op ‘e fyts sitst tichter op it lân as mei de auto en komst op hiel oare plakken. Ik bin suver krekt klear mei in trijedielige dokumintêre foar Omrop Fryslân oer Gysbert Japicx. Dat wie in bealch fol wurk, ik sit noch fol adrenaline. De earste wike yn San Sebastian moat ik dêrom earst mar ris rêstich om my hinne sjen en by mysels komme. Oars kin ik net skriuwe. ’  

Wy kinne Bart Kingma syn ferbliuw folgje. Hy skriuwt alle wike in bydrage foar Finster op Fryslân. It is noch net bekend op hokker dei. Boppedat hat er in Facebookside oanmakke ûnder de namme Sera, de haadpersoan fan syn roman. Sera sil geregeld berjochtsjes poste oer har ûnderfinings yn Baskelân. Op dy wize krûpt Kingma al yn de hûd fan syn personaazje. It binne fingeroefeninkjes foar syn roman.

Fansels wurdt de skriuwer ek folge op de webside en Facebookside fan Other Words.

www.oarewurden.frl
www.facebook.com/oarewurden
www.finsteropfryslan.frl