en fy eu mk sl ga

Karen Bies

2018-06-27 13:36 — Dublin, Ireland

Belmullet #1: McDonnells

Se hie it hûs al himmele, mar doe kamen de timmerman en de skilder noch in kear, dus no is it wer stoffich en rûkt it nei ferve. Mei de hân strykt se oer it formica fan de nije bar yn ‘e keuken. Arlene is bliid mei de redecoration. It hûs, eigendom fan it kulturele sintrum Áras Inis Gluaire yn Belmullet, wurdt sa no en dan in nacht brûkt troch in artyst dy’t dêr optreedt. Mar no foar it earst sil it foar langere tiid bewenne wurde. Troch my. Twa moanne mei ik hjir trochbringe en mei myn boek oan ‘e gong. De lúkse fan in hûs oan see, de oseaan noch wol, en de tiid fan ‘e wrâld. Wat soe ik noch mear ferlange? Twa dingen: in bêd en in amer. Ik bin sa beroerd as in kat.

Fleane nei Dublin, dan de treinreis fan fjouwer oeren nei Ballina. Underweis griene greiden mei skiep en kij, stroomtriedden dy’t kriskras buorkerijen oan elkoar knoopje. In lânskip dat oan België tinken docht, mar dan fris en saai. Yn de trein dielt in pater Mariabiddeltsjes út. Ik praat mei in man dy’t sit te skriuwen yn in skrift. Hy fertelt dat er wurket oan syn earste boek en hy traktearret my op toarnbeien.

Oant safier giet it hiel goed. Mar de bochtige busrit dêrnei, troch berch en dal en it iene Ierske gat nei it oare, mei in sjauffeur dy’t seit dat er de footballmatch tusken Mayo en Tipperary noch helje wol, jout my de nekkeslach. Ik stap kotsmislik út ‘e bus op it plak dêr’t ik mei Arlene ôfpraat haw, foar de kroech fan McDonnells. ‘Keep calm lov’ and take a beer,' seit in man dy’t bûtendoar stiet te smoken. Mar om no de krintebollen ut Aldegea en de toarnbeien út Dublin op 'e stoepe fan Belmullet del te spuien, liket my gjin goede earste yndruk foar in writer in residence.

Arlene is as in mem sa soarchsum. Se lûkt de kuolkast iepen. ‘Look, I’ve put some ham in it, and eggs and sausages and a few rolls. You must by hungry.’ ‘Thank you very much,’ sis ik.

As se fuort is bin ik noch rom op tiid by de wc-pot. Dêrnei wol de dûs net waarm wurde en krij ik de foardoar net op slot. Ik krûp op bêd en tink oan wat Arlene ek noch sei: ‘Don’t worry. Criminals have never heard of Belmullet.’

 

 

  • 2018-06-27 Karin van Houten

    Geen leuke start maar wel heel leuk geschreven. Succes verder,ik kijk al uit naar je volgende verslag. 💋

  • 2018-06-27 Arjan Hut

    Wat in pech Karen, hooplik knapst gau wat op!