en fy eu mk sl ga

Karen Bies

2018-06-29 10:29 — Dublin, Ireland

Belmullet #2: Chatterbox

Yn it kulturele sintrum Áras Inis Gluaire in Belmullet is ek in radiostudio. Erris FM stjoert út op freed en sneon. Yn it programma Chatterbox prate fjouwer jongeren mei elkoar oer ‘different topics’ en draaie se ‘some pieces of music’, fertelt begelieder Tony. Hy is de technikus fan Chatterbox. Hy skoot de mikrofoans iepen en ticht en seit hoe lang it programma noch duorret. Mar ynhâldelik bemuoit hy him der net mei.

De jongeren folgje de kursus ‘Jobstart’ fan National Learning Network. Yn de regio Erris hast itselde probleem as yn de krimpgebieten fan Noard-Nederlân: net folle wurk. Bedriuwen en fabriken sitte op mear as oardel oere riden fan Belmullet. By Jobstart krije kânsearme jongeren in oplieding, se leare har sosjaal te rêden en se bouwe selsfertrouwen op. In jier lyn hiene se net leaud dat se no yn in radioprogramma sitte soene, seit Tony. Chatterbox ís fan harren, sy bepale sels wêr’t se oer prate.

Ofrûne moandei seach ik even yn de studio en sa moete ik Rebecca, John, David en Declan. Rebecca frege oft ik net meidwaan koe. Der wie dochs in stoel en in mikrofoan oer, want Declan woe net foar de radio.

Wat wie it leuk! De gesprekken giene net oer te min kânsen of wurkleazens. David fertelde oer de medalje dy’t er wûn hie by in hurdrinwedstryd. Rebecca hie as ûnderwerp de make-up oplieding dêr’t se nei de simmer hinne wol. John hold in sterk ferhaal oer wat heftichs dat er belibbe hie (leau ik, ik koe it net hielendal folgje mar dat makke niks út want David en Rebecca leine dûbel fan it laitsjen). Se draaiden âlde plaatsjes fan Blur, the Manic Street Preachers en Little Richard (dy’t se neffens Tony ek sels útsocht hiene). Doe fregen se my wat ik eins yn Belmullet die, en dat ferhaal haw ik mar sa koart mooglik holden. We kamen gau wer op oare saken lykas de favorite akteur fan Rebecca (Nicolas Cage), har favorite film (Left Behind, mei Nicolas Cage) en de bêste sjonger oait neffens David (Freddy Mercury). Declan makke in foto fan ús yn ‘e studio en dat wie dat.

Chatterbox is in radioprogramma dêr’t 'young adults' prate oer wat se wolle, sûnder dat in oar him dermei bemuoit. Miskien ek in goed idee foar Omrop Fryslân, tocht ik. A revival of Radio 18.