en fy eu mk sl ga

Karen Bies

2018-07-03 10:00 — Dublin, Ireland

Belmullet #3 Uisce

Earst wie it hjir ien grutte sompe, fertelt Ian, en yn de 18e iuw hawwe se it kanaal groeven. It ferbynt Broadhaven Bay mei Blacksod Bay. Ik sit by Ian McAndrew yn de auto, hy sil my it skiereilân Mullet sjen litte. Wy ride hurd oer de smelle dykjes. De inkele fytser is syn libben net seker. Ian stekt de hân op nei elkenien. ‘I know everybody en they know me.’

Dan binne wy oer de dunen. De earste dagen yn Belmullet hie ik genôch oan Blacksod Bay, krekt wat grutter as de Snitsermar. But this is something completely different. De Atlantyske oseaan, sa blau, sa blau. En rêstich. Ian kin him net herinnerje dat hy de see oait sá kalm sjoen hat. It skom fan de brâning strykt oer it strân, sêft as wite fearren.

Sjoch, dêr leit New York, wiist Ian. Hy faget it swit fan syn rôze holle. It is al in wike smoarhyt yn Ierlân. Oars as ferline jier, dat wie in simmer fan mist, rein en stoarm. ‘In 2017 we haven’t seen the sun for 11 months.’ ‘Really?’ sis ik. Ian McAndrew mei graach oerdriuwe en ik ha dêr gjin muoite mei. We spylje elk ús rol. Hy is de gids dy’t syn ferhaal kwyt wol en ik bin de toerist dy't ûnder de yndruk is. Tegearre kinne wy it goed fine.

We komme by Tobar Naomh Deirbhile, de boarne fan de Hillige Dervla. ‘Ik sil dy it ferhaal fertelle,’ seit Ian. ‘It wie yn de 6e iuw. Dervla waard achterneisitten troch de landlord. Mar se woe net mei him trouwe, se woe har libben wije oan God. Se frege de man wat hy dan sa moai fûn oan har. ‘Your eyes,’ sei de landlord. Doe hat Dervla har eigen eagen útstutsen en foar him op ‘e grûn smiten. Op dat plak ûntsprong spontaan in ‘well’. It is no in beafeartsplak foar minsken dy’t wat oan de eagen hawwe.’

Ian dûkt op ‘e knibbels en spielt syn eagen yn de boarne. En dat doch ik dan ek mar. It wetter is kâld en helder. ‘Holy Dervla,’ flústerje ik en lit it wetter yn myn eagen rinne. Ik bin bepaald net religieus, mar op dit momint kin Ian my alles wiismeitsje.