en fy eu mk sl ga

Karen Bies

2018-07-07 09:40 — Dublin, Ireland

Belmullet #4 Neat misse

Acht wike yn Ierlân. Gjin ôflieding fan wurk of húshâlding. Konsintraasje. Hjir en no moat it skriuwen dochs slagje. Ik ha oait tocht in ferbliuw oan te freegjen yn it arkje fan Rink van der Velde, mar dat is op ‘e Feanhoop en fierste tichtby. Dan soe ik jûns te iten gean by myn leave thúskok en foar it gemak ek mar sliepen bliuwe. Ik soe Rink ferwaarleazje.

Nee dan Belmullet. De dagen binne lang, de sinne giet let ûnder. De sunset fan West-Europa. Ik kin by de see del rinne, frisse lucht ynazemje, neitinke. Dan nei myn skriuwershûs en skriuwe, oeren achtermekoar troch. Minsken moetsje yn it doarp, nei de pub om Smithwick’s beer te drinken, prate mei muzikanten en skriuwers en minsken dy’t gewoan dogge. Wer skriuwe. Dat allegear wol ik dwaan en it gebeurt ek wol.

As ik frege wurd oft ik hjir ‘on my own’ bin, sis ik ja. Mar ik bin amper allinnich, yn myn hûs ek net. Ik mis niks. Ik ha telefyzje, sjoch nei RTÉ News en it waarberjocht. Der is wifi. Ik besykje sosjale media te mijen, mar ik sit noch yn it ôfkickproses. Ik Facetime mei thús en sjoch wat se ite. Se fertelle my dat de kraan reparearre is en se filmje de stokroazen dy’t al in heale meter groeid binne.

Offline bin ik ek net faak allinnich. De Ieren binne relaxt en ynteressearre en belutsen, en ik ek, dus ik stean de helte fan de tiid te praten. Dat is it ‘m, leau’k. As sjoernalist hearst oeral in ferhaal yn en dat giet hast altyd oer oaren. Loslitte, dat moat ik en dan yn mysels dûke. Myn eigen ferhaal fine.

Mar ik bin net yn Ierlân om my op in souderkeamer op te sluten, want dan hie ik ek wol thúsbliuwe kinnen. Ik ha kontakt. Oare minsken, oare taal, oare lucht, oare grûn. Mei al myn sintugen. Dêr waard ik my juster bewust fan. Ik hie in leuk gesprek mei Teresa Meenaghan oer har jeugdjierren op Blacksod en myn eigen yn Terkaple, en doe’t se fuortgong joech se my in tút. Ynienen betocht ik dat dit myn earste tút wie yn tolve dagen. Ik mis niks, mar dat dus wol.