en fy eu mk sl ga

Karen Bies

2018-07-13 09:20 — Dublin, Ireland

Belmullet #5 Fishermen

In grutte fiskersramp barde yn oktober 1927, de ‘Cleggan Bay disaster’. Der wie in stoarm by de hiele Ierske westkust lâns. Hy kaam ynienen en sûnder warskôging. De lokale fiskers wiene yn harren curraghs útfearn om op hjerring te fiskjen. Fiifenfjirtich mannen ferdronken yn see dy nacht. Tsien kamen fan de Inishkea-eilannen. Yn ien klap wiene alle sterke jonge mannen fuort. Allinnich de froulju, bern en âlderein bleaune oer. ‘The heart and soul was torn out of the village,’ seit Ian McAndrew. It Ierske regear hat doe de rest fan de befolking fan de Inishkeas helle en nei it fêstelân brocht. Sûnt wenje der op de eilannen allinnich fûgels.

Ian rydt ús nei de haven fan Blacksod, yn Gaelic: ‘An Fód Dubh’. Dy leit yn de lijte fan it grutte skiereilân Mullet en is dêrom in feilich ankerplak. By stoarm komme skippen fan de Atlantyske oseaan hjirhinne.

Op de kade lizze kreeftefûken. Se binne fan trije fiskers, Kevin Monaghan en de bruorren Philip en Declan Lavelle. ‘This is Karen,’ seit Ian. ‘She comes from Friesland. You know, the Frisian cows.’ De mannen knikke. ‘Sy is sjoernalist en se skriuwt blogs. Al wist ik oant no net wat in blog wie. Karen is ynteressearre yn ús kultuer.’ Spitich dus, seit Ian, dat it Heritage Centre yn Each Leim hjoed ticht is. En dat yn it heechseizoen.

De fiskers binne der ek min oer te sprekken. Famiddei noch kaam hjir in bus mei toeristen. Dy binne efkes útstapt, mar gongen al gau wer fuort. Der is hjir niks te dwaan. De fjoertoer is wol moai, mar dêr kinst net yn. Oeral yn de haven leit rommel want der stiet gjin jiskefet. Der is hjir nergens kofje te krijen. Trouwens, seit Philip Lavelle: ‘Der binne net iens toiletten. In man giet wol even oer de kademuorre, mar foar froulju moat hjir toch in húske wêze?’ We binne it der oer iens dat de toeristyske foarsjennings better kinne.

De fiskers fertelle oer grutte kotters út Nederlân, dy’t foar de Ierske kust in soad fisk fuortfiskje. Se sjogge nei my. Ik sjoch nei harren boaten, dy't oan de kade lizze. Skipkes fan amper tsien meter lang, mar fan heit op soan oergien, dus sterk en betrouber. De trije mannen sels lykje my ek wol safe. Ik sil hast sizze dat ik bêst in kear mei harren mei wol te fiskjen. Mar dan tink ik oan de weagen om ‘e hoeke fan Blacksod en ik hâld my yn.