en fy eu mk sl ga

Karen Bies

2018-07-27 15:49 — Dublin, Ireland

Belmullet #6 Coral Ivory

As ik de kleuren fan Ierlân beskriuwe wol, begjin ik mei it lân. Sa’t Johnny Cash song: 'the moorlands and meadows and their Forty Shades of Green'. Dêr tuskentroch it wyt fan ‘bog cotton’ (feanplús), de reade klaver en de swarte bulten turf. De see en de loft binne fariaasjes yn griis. De huzen yn Belmullet stekke der moai tsjin ôf want dy hawwe alle kleuren fan de reinbôge. In pleatslike keunstneres, Jean Beard, hat skilderijen makke fan de strjitten fan Belmullet. 

Myn hûs is krekt ferve. Giel mei grien. Ik begjin my te hechtsjen oan it hûs. It is grut, stevich en it kin in stoarm wjerstean. Mochten de weagen sa heech komme dat se oer de kade slaan, en dat gebeurt, sizze de buorlju fan Shore Road, dan bliuwt dit hûs drûch. Nachts hearst de wyn en de seefûgels. 

It hûs waard my sa eigen dat ik de meubels begûn te ferslepen. Skeat der in doarke fan de keuken los, dan betocht ik in ferbouwingsplan. As ik bûten yn de sinne siet krige ik sin om it gers te meanen. As wie dit allegear fan my.

Mar ik bin út de dream holpen hear. It hûs wurdt wol opknapt, mar no al, wylst ik hjir wenje en wurkje. It kulturele sintrum Áras Inis Gluaire wol der in 'artists residence' fan meitsje mei aparte studio’s. Ik bin de test-artyst. Ik koe krekt op tiid foarkomme dat ik oare artysten útfanhûs krige. Sa’t Greta Garbo sei: ‘I want to be alone.’

Yntusken is it hjir in kommen en gean fan faklju. In man foar de wifi, ien foar de waskmasine, ien foar de telefyzje, ien foar it laminaat. De skilder is der al in wike. Bûtenom is klear en no is er binnendoar oan it wurk. Wy hâlde rekken mei elkoar, yn de sin fan: as hy de trepsleuning oan it fervjen is gean ik nét nei boppen, en ik hoech fansels net nei de badkeamer as hy dêr oan ‘e gong is. 

De skilder wit trouwens mear fan kleuren as ik, want dy steane gewoan op de pot. De griene ferve op myn foardoar hjit ‘Winter Holly'. Neamd nei hulst, in strúk dy’t yn Ierlân symboal stiet foar ivichheid en dy’t it kwea bûten de doar hâldt. Op de bûtenmuorren sit ‘Coral Ivory’. Dy namme is al hast in gedicht. En de kleur is sá moai. Sêftgiel as boerebûter mei in bytsje rôze der troch. Coral Ivory docht my it measte tinken oan in lekkere iisko by La Venezia.