en fy eu mk sl ga

Karen Bies

2018-07-31 17:07 — Dublin, Ireland

Belmullet #7 Uproar

Der is in rel yn Belmullet. Meastal giet it libben hjir kalm syn wei troch Barrack Street en Main Street, mar no rinne de emoasjes heech op. It giet om in brosjuere foar it Belmullet festival, dé feestwike fan it jier. Op ‘Heritage Day’ is elk ferklaaid as boer of fisker, se dogge âlde ambachten as skiep skeare, der is live muzyk en in Irish Dance wedstryd. Toeristen út hiel Ierlân komme der op ôf.

Mar dit jier is dat noch mar de fraach. Noard-Ierlân stiet net op ‘e kaart fan Ierlân, dy’t printe is op de festivalbrosjuere (links op 'e foto). De seis counties Antrim, Tyrone, Down, Derry, Armagh en Fermanagh binne der botwei ôfknipt. En dêr binne minsken razend om. Ut Noard-Ierlân komme altyd in soad minsken nei Belmullet, foaral om te fiskjen. Mar der wurdt no roppen om in boycot. De Facebookpagina fan it Belmullet Festival rint read oan. Ik lês: ‘Respektleas en ûngefoelich’. ‘Skandalich foar de Ierske kultuer’. ‘Dom en misledigjend’. ‘Shame on you!’

Ien fan de sponsors seit dat dit in blunder is mei fiergeande gefolgen, sjoen de ynfloed fan sosjale media. Hy biedt syn ekskuses oan oan elk dy’t him misledige fielt. It is in ûngelokkich fersin, seit de organisaasje. De folder is makke troch frijwilligers dy’t al har tiid stekke yn it festival. En dan is it ûnûntkomber dat der flaters makke wurde. 

Mar dat fine de Facebook-skriuwers in slop ekskús. In bern ken de kaart fan Ierlân better, sizze se. En: ‘Dit binne seker gjin republikeinske frijwilligers.’ En: ‘It doesn’t take a professional designer to notice there’s six f***ing counties of Ulster missing on the map.’ 

De kaart sûnder de seis counties is net in kaart fan Ierlân, it is in kaart fan de Republic of Ireland. Noard-Ierlân falt wol ûnder it regear fan the United Kingdom, mar heart neffens de Ieren by Ierlân. De sportorganisaasje GAA erkent de grins mei Noard-Ierlân net: Ierske sporten as Gaelic football en hurling hawwe in kompetysje fan alle 32 counties. Ierlân is it híele eilân (rjochts op 'e foto).

De flater mei de ferkearde kaart fan Ierlân leit hiel gefoelich. Nei in perioade fan tweintich jier frede nei The Troubles yn Noard-Ierlân (mei it Goed Freed-akkoart yn 1998) hoopje in soad Ieren dat se oait wer ‘reunited’ wurde. It is it gesprek fan de dei. Mei Ierlân yn de EU en de Brexit op kommendewei is de grutte fraach wat de gefolgen binne foar Ierlân en Noard-Ierlân.

De organisaasje fan it Belmullet Festival is daliks yn aksje kommen nei it ‘uproar’. Der wurde nije brosjueres printe mei in nije kaart. Eltse winkel yn it doarp is frege om de âlde folders sa gau mooglik fuort te smiten. De organisaasje besiket de reaksjes op Facebook te ferwiderjen.

In boycot fan Belmullet sil wol tafalle. Ynwenners sizze: ‘It is a storm in a teacup.’ It soe moai wêze as de minsken út de seis counties fan Noard-Ierlân toch komme, yn in T-shirt mei de namme fan har county der op.