en fy eu mk sl ga

Karen Bies

2018-08-07 12:02 — Dublin, Ireland

Belmullet #8 Alí Ní Chiaráin

Der rûn in hûn oer it strân. Allinnich. Ik seach de Shore Road del, mar der wie gjin minsk te sjen. Hy kaam by my en skodde it seewetter op syn gemak fan him ôf. ‘Hee hûntsje, by wa hearsto?’ sei ik. Hy spitste syn earen en seach om him hinne, as frege hy him itselde ôf. Ik tref in labrador yn Belmullet en ik praat Frysk tsjin him. Dat kin net oars. As ik tsjin in bist Nederlânsk of Ingelsk prate soe, fielt dat as toanielspylje. 

Taal is in tema op myn reis. Net yn myn ferhaal, want it makket my eins net út hokker taal myn personaazjes prate, as se elkoar úteinlik mar fersteane. Mar ik bin hjir ek foar ‘Other Words’ en dus hear ik in soad oer de offisjele Ierske taal: it Iersk-Gaelic. 

Ik moetsje Ali Carey, sy is learares Iersk op Our Lady’s Secundary School yn Belmullet, dêr’t Ingelsk de fiertaal is. Mar sy praat sels it leafst altyd Iersk. ‘I just love it,’ fertelt se. Dy taal ha wy allinnich, it makket ús oars as oaren. ‘It is our unique selling point. It’s our heritage and I want us to keep it.’ Dêrom brûkt se ek altyd har Ierske namme: Alí Ní Charáin.

Fan de goed 4 miljoen Ieren hawwe sa’n 70 tûzen minsken it Iersk-Gaelic as memmetaal. De measten wenje yn de Iersktalige doarpen fan de ‘Gaeltacht’ yn it westen fan it lân. Mar alle Ierske bern krije alle dagen it fak Iersk op skoalle, op de basisskoalle en yn it fuortset ûnderwiis, yn it hiele lân. 

Dy ferplichting is belangryk, seit Alí, want oars soe it hurd achterútgean. En der is in revival oan de gong. Hyltyd mear âlders binne wiis mei it Iersk, foar harsels en foar de bern. It is yn Dublin sels ‘kind of posh’ om dyn bern nei in ‘Gaelscoil’ te stjoeren, in folslein Iersktalige skoalle. 

Alí en har freonen brûke tusken it Ingelsk troch faak Ierske wurden, bygelyks: cailín = girl, buachaill = boy, grá = love en glic = clever. As sy lesjout fynt Alí it gjin probleem dat de bern taalflaters meitsje. Se wol gewoan dat de bern der lol yn krije en it besykje, ‘just to give them a positive experience of Irish’. 

De hûn en ik hawwe noch wat taalerfaringen útwiksele op it strân. Ik ha in stok foar him yn it wetter smiten en dat snapte hy hiel goed.