en fy eu mk sl ga

Jan Menno Rozendal

2018-09-26 08:50 — Bitola, Macedonia

De hegere keunst fan it oersetten

In wike sit ik no yn Bitola, en de talen fleane my om ’e earen. Op strjitte fansels benammen it Masedoanysk, mar hjir en dêr ek wat Servo-Kroatysk, Turks, Gryks of Albaneesk. Gelokkich kaam André Looijenga, dy’t hjir twa jier lyn foar Oare Wurden siet, in pear dagen oer om ús wat paadwiis te meitsjen. It wie bysûnder nijsgjirrich om him betochtsum mei de lokale ynwenners praten te hearren yn harren eigen taal. Ik wit fan mysels dat ik dat net yn 2 moannen foarinoar krije kin.

Oer sterke stikken wat oersetten oanbelanget sprutsen: yn it Nasjonale Teater fan Bitola is it Ynternasjonale Filmfestival Manaki Brothers begûn. Nei wat hinne en wer praten krije we akkreditaasje foar it hiele feest, en we kinne fuortdalik oanskowe by de earste parsekonferinsje. Strielend middelpunt dêryn is de no 80-jierrige Claudia Cardinale, CC foar yntimi. Once upon a time in the West, witte jo noch wol? Of dochs C’era una volta il West? Op in kear yn it Westen?

Hawar, de parsekonferinsje giet om bar yn it Masedoanysk en yn it Italiaansk. Al gau komt in jonge frou fan ’e organisaasje op ús ta: normaal sprutsen soarget sy foar de oersetting fia de headsets, mar dy binne der hjoed net. Sil sy dan mar libbensliif foar ús oersette? We knikke fan goed, dobro, en se komt tusken ús yn sitten. Skynber sûnder muoite rattelet se dêrnei yn geef Ingelsk alle teksten op dy՚t foarby komme. Ut tankberens foar har iver meitsje ik gâns oantekeningen fan folslein irrelevante feitsjes. André docht oan ‘e oare kant fan har itselde, sjoch ik út myn eachhoeke wei.

CC fynt ûnderwilens alles bellisima: har lêste film, de regisseur dêrfan, it festival, de stêd… Se werhellet it de oare deis, as se in lêste kear delkomt yn it parsesintrum. Alex de Ronde, de Nederlânske regisseur, komt ek oan it wurd. Syn film Doof Kind, oer syn eigen dôve soan, docht mei yn it dokumintêre-programma. We prate nei ôfrin fan it parsemomint efkes nei, yn it Hollânsk, oer de stêd, syn dokumentêre en myn wurksumheden foar Oare Wurden... Minderheidstalen hawwe syn ynteresse wol, sa docht bliken: falt gebeartetaal ommers ek net ûnder dy definysje?