en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-10-31 15:30 —

De Pontbaas

Bestiet der in iennichste goeie wize om it libben te begripen? Immen dy't dy fraach mei 'ja' beantwurdet, fertrou ik net. Wa't acht wiken allinnich is, fier fuort fan syn leafste frou en bern, wurdt grif konfrontearre mei himsels en mei syn libben. En syn ûnfermogen om dat te begripen. As ik om my hinne sjoch, bin ik yn goed selskip. Oars kin ik tenminste net ferklearje wêrom't hjir alle dagen safolle minsken by myn húske delrinne, dat oan it Jabikspaad leit op de wei nei Santiago de Compostella.

Fannewike haw ik in eintsje mei harren oprûn, in etappe fan 22 km fan Hondarribia nei myn tydlike wenplak Passaia Donibane. Nei eare en gewisse koe ik sizze dat ik myn tocht thús begûn wie, omdat ús hûs yn Fryslân ek deun op it Jabikspaad leit - allinnich haw ik de earste 1500 kilometer diesele.

Myn gedachten gienen nei Siddharta, de haadpersoan yn de wrâldferneamde cultroman fan Hermann Hesse. Goed tweintich jier lyn hie'k it alris lêzen, mar in freon fan my advisearre it mei te nimmen op myn reis. Hy hie it ferhaal koartlyn opnij lêzen en it hie him wer by de strôt hân. Dus ik lies it opnij. En wie wer ûnder de yndruk fan Siddharta's krewearjen om it libben ûnder de knibbel te krijen. Hy libbe as in monnik, die jierrenlange pilgrimstochten, mar koe de befrediging net fine. Doe besocht hy in prachtige prostituee, waard ryk mei hannel, mar koe de befrediging net fine. Uteinlik bedarre er by in pontbaas oan de rivier.

De pontbaas learde him om net te sykjen nei antwurden om it libben te begripen, mar om sa no en dan nei de rivier te harkjen. De rivier wit alles, want dy is ommers besibbe mei syn oarsprong en mei syn bestimming. De rivier wit wêr't er hinne moat, sûnder te freegjen en te wiveljen, want hy akseptearret syn lot. De rivier draacht iuwenlange wiisheid yn him en fuorret de natuer. As er wer nei de rivier harke hie, wist de pontbaas altyd wat him te dwaan stie yn it libben.

Wol, ik haw in stikje pilgrimstocht dien. Ha gjin prostituee besocht en bin net ryk wurden. Miskien siet ik op it ferkearde paad. Mar der is hjir in pontbaas. Of better sein: ferskillende, want de pont hat alle dagen in oare kaptein. Netsjinsteande dat it aardige keardels binne, ha se my oant no ta noch net in djipper ynsjoch jûn.

Lykwols, fannacht waard ik wekker fan in reinbui. Ik gie der ôf en stapte eefkes myn balkon op. It útsjoch oer de tsjustere baai wie prachtich. Alles en elkenien sliepte, de pont lei oan de ketting. It waaide gjin sprút, dus it iennichste lûd dat ik hearde wie it sêft rûzjen fan de rein op it oerflak. It klonk as flústerjend wiis wetter.

Ik bin bang dat ik it libben der net better troch begripen gien bin. Mar it wie in magysk momint.

BART KINGMA