en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-05-29 15:20 —

Earste Fryske literêre wurk skreaun foar Oare Wurden publisearre

It earste literêre wurk fan de Fryske skriuwers dy’t foar Other Words / Oare Wurden yn it bûtenlân west hawwe, is publisearre. It ferhaal Sera, dêrt Bart Kingma ôfrûne hjerst yn it de Baskyske stêd San Sebastian oan wurke hat, is pleatst op de website fan Oare Wurden. Sera is de namme fan in Fryske sjongeres dy’t op in dea spoar yn har karriêre rekket en yn Baskelân bedarret. Moetings mei minsken yn Baskelân, Baskyske muzyk en de Baskyske striid foar taal en autonomy bringe Sera op in nij paad. Kingma is dwaande mei in roman oer Sera. It ferhaal dat er no dien makke hat, is de earste literêre frucht fan syn skriuwersferbliuw yn San Sebastian. It ferhaal is yntusken oerset yn it Ingelsk en sil de kommende tiid út it Ingelsk wei nei it Baskysk, Iersk, Sloveensk en Masedoanysk oerset wurde.

Klik hjir foar it ferhaal Sera fan Bart Kingma. Dêr fine jimme ek de yn it Frysk oersetten literêre wurken fan skriuwers út oare dielnimmende taalgebieten.  

It reisferhaal dêr’t André Looijenga yn juny-july foarich jier yn de Masedoanyske stêd Bitola mei útein set is, wurdt ynkoarten ek op de webside fan Other Words pleatst. It krijt op dit stuit syn lêste redaksje. Ek dat ferhaal sil earst yn it Frysk op de webside fan Other Words ferskine en dêrnei yn de oare dielnimmende talen oerset wurde.

Op dit stuit wurket de Biltske skriuwer Gerard de Jong yn Baskelân oan syn novelle Blau fan dagen, griis fan onrust. Jimme kinne syn skriuwersferhalen folgje op de Oare Wurden blog en de facebookside fan Oare Wurden.