en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-11-16 16:41 —

Eneko te gast by filmpremjêre

Ferline wike wie Eneko Aizpurua te gast by de premjêre fan de documentaire Yn dit lânskip leit myn libben. De film is makke yn opdracht fan it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar en is in ûnderdiel fan it Leeuwarden-Fryslân 2018-projekt Lân fan Taal. De dokumintêre giet oer Fryske literatuer yn in Europeesk perspektyf en is te sjen op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert.