en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-12-06 16:16 —

Eneko ynspirearret studinten Frysk

Mei noch sa’n oardel wike te gean yn Fryslân, hat Eneko Aizpurua syn twadde publike aktiviteit yn it ramt fan Oare Wurden folbrocht. Foar in groep nijsgjirrige studinten en dosinten fan de oplieding Frysk oan de NHL Hegeskoalle joech hy in kolleezje oer de Baskyske literatuer en kultuer. Ek lies hy foar út Baskysk literêr wurk, oerset yn it Frysk troch sjoernalist Onno Falkena.

Nije wike reizget Eneko wer werom nei Baskelân. Syn ûnderfiningen yn Ljouwert sille him helpe syn nije roman te skriuwen. De earste oanset derfoar is de ôfrûne wiken al dien. “I am very grateful for the opportunities I got in Leeuwarden,” sei Eneko. “I can’t believe how fast these past weeks have gone by.”