en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-05-22 13:45 —

Fjouwer Fryske skriuwplannen foar Maribor yntsjinne

De deadline foar it yntsjinjen fan skriuwplannen foar de Sloveenske stêd Maribor is ôfrûne wykein ferstrutsen. Wy hawwe fjouwer plannen binnenkrigen. Op freed 2 juny komt de Fryske sjuery byelkoar om it yn har eagen bêste foarstel te kiezen. Yn ’e wike fan 5 juny meitsje wy it beslút fan de sjuery bekend en witte jimme hokker Fryske skriuwer tusken septimber en desimber 2017 acht wiken nei Maribor ta sil. It is it fjirde Fryske skriuwersferbliuw yn it ramt fan Other Words / Oare Wurden. André Looijenga siet yn ‘e simmer fan 2016 yn de Masedoanyske stêd Bitola, Bart Kingma yn ‘e hjerst fan 2016 yn de Baskyske stêd San Sebastian en de Biltske skriuwer Gerard de Jong sit op dit stuit yn dyselde stêd.