en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2018-07-24 12:48 —

Fruchtbere netwurkbyienkomst yn Ljouwert

Fan 4 o/m 6 july wiene der ôffeardigen út seis ferskate lannen oanwêzich yn Kulturele Haadstêd Ljouwert om te praten oer it ferrin fan it projekt en oer de takomst. Sa is der praat oer it trochsetten fan it projekt mei nije talen lykas it Skotsk Gaelysk en it Papiamentsk. Fansels wie der ek tiid foar ûntspanning. De gasten krigen in rûnlieding troch Tresoar en wiene by de eveneminten yn it ramt fan de Baskyske wike yn Talepaviljoen MeM. Op freed 6 july wie MeM it dekor foar in spesjale jûn yn it ramt fan Oare Wurden. De twa Fryske skriuwers Bart Kingma en Gerard de Jong fertelden hoe’t it projekt harren fizy op it Baskelân mar ek op harren eigen heitelân en taal feroare hat, en projektlieder Mirjam Vellinga beskreau hoe’t it ‘Barteljen’ nei Fryslân helle waard. Der wie muzyk en poëzy troch Elmar Kuiper en syn band Tigers fan Greonterp. De jûn waard oan elkoar praat troch Idoia Noble, projektlieder foar Oare Wurden út namme fan de kultuerorganisaasje Donostia Kultura, yn de Baskyske stêd San Sebastián. Ek foar har hat it projekt in soad opsmiten, op profesjoneel én persoanlik mêd. Bart en Gerard, of, sa’t Idoia se neamt, „my boys“, binne neffens har net samar kunde wurden, mar wiere freonen.

Haadôfbylding: Dielnimmers oan de netwurkbyienkomst yn Ljouwert. Boppe, f.l.n.r.: Mark Wringe (ôffeardige Skotsk Gaelysk), Gerard de Jong (Fryske skriuwer), Mirjam Vellinga (projektlieder Afûk), Imanol Galdos (direkteur Donostia Kultura), Idoia Noble (projektlieder Donostia Kultura), Orlagh Ní Raghallaigh (projektlieder Foras na Gaeilge), Helena Fošnjar (Sloveenske skriuwster), Bart Kingma (Fryske skriuwer), Peter Tomaž Dobrila (projektlieder Kibla). Under f.l.n.r.: André Looijenga (Fryske skriuwer), Marre Sloots (projektlieder Tresoar), Nanelia Walfenzao (ôffeardige Papiamentsk).

In gesellige sfear by de Oare Wurden-jûn yn Talepaviljoen MeM.

Bart Kingma yn petear mei Idoia Noble tidens de Baskyske jûn yn Talepaviljoen MeM.