en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-04-03 15:20 —

Gerard de Jong tekenet syn kontrakt

Freed 31 maart tekene de Biltske skriuwer Gerard de Jong syn kontrakt foar Other Words op it Provinsjehûs yn Ljouwert. 1 maaie reizget er ôf nei San Sebastian. Hy sil dêr wurkje oan de novelle Blau fan dagen, griis fan onrust. Lokwinske Gerard. Wy winskje dy in hiele moaie tiid yn Baskelân en sille dyn literêre krewearjen folgje yn de Bildtse Post en op de skriuwersblog fan Other Words.