en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-10-24 14:25 —

Heech wetter, leech wetter

  

  Wenje yn in lyts havenstedsje as Pasai Donibane is hartstikke boeiend. Der binne gesellige bars, oeral libbene terrassen, drokke minsken. Sa út en troch in seeskip yn de baai, mei tûzenen auto's dy't wachtsje om ferdield te wurden oer Europa. En coasters, mei alderhande guod, tink ik. Ik seach ien mei de namme 'Ameland' en ien mei Delfsyl as thúshaven. It is in frjemd ding: it foarrjocht om acht wiken yn it bûtenlân wêze te meien, foar in skoft ûnderdompele te wurden yn in oare kultuer en dochs in koart gefoel fan lok te fernimmen ast wat út dyn eigen lân sjochst.

Der is hjir safolle te ûntdekken, dat it duorre in pear dagen foar't ik my bewust waard fan it ûnbidige ferskil tusken heech en leech wetter yn 'e baai. It heech wetter komt hast oan de stuollen en tafels fan 'e plaza ta. Minsken genietsje dêr fan harren sider en pintxos. Mar justermoarn, doe't ik op in lyts pontsje oer de baai fear, seach ik dat de top fan in gemiddelde fisktrawler (dy is op syn minst fiif meter heech) amper it nivo fan it plein berikt.

Sittend op 'e pont seach ik om my hinne. It leech wetter bea my goed sicht op hoe't de kade ienris boud wie. Mei rotsen en stiennen, ôfwiksele mei beton. Sterke en ymposante fûneminten dy't út it wetter oprize, oerdutsen mei frachten skulp en seewier. Omdat it wetter hiel helder is, koe ik fisken op de boaiem fan de baai swimme sjen. Se besochten in feilich hinnekommen foar de gruttere eksimplaren te sykjen. Ik seach ek in âld fyts, oait ris yn it wetter dumpt.

In skoft lyn stoareage ik tegearre mei in 89-jier âlde, tige gelearde skriuwster nei de Waadsee. Sy fertelde my dat se altyd it leafst oer de see seach by leech wetter. By eb falle de struktueren ûnder it oerflak droech. Kinst de lytse streamgatten sjen, de sterke en de swakke plakken yn 'e boaiem. Sy fergelike dat mei har eigen libben. "Yn tiden fan leech wetter learde ik mear oer myn swakke en myn sterke kanten as yn tiden fan lok,", sei se.

Fansels hat se gelyk. Justermiddei makke ik in lange kuiertocht troch de bergen. Ik klom nei de top fan de Errolbide. Ik wie djip ûnder de yndruk fan it lânskip om my hinne. Ik koe Donostia sjen, Hondarribia, it Jaizkibel massyf, de Kantabryske see. It is as sjochst in libbene topografyske en histoaryske kaart. Begrypst fuortendaliks wêrom’t minsken ferhuze binne, wêrom't diken makke en stêden boud binne op de plakken dêr't se lizze. Omdatst alles oersjochst; de foarmen fan de berchrêgen, de dellingen, de natuerlike barriêres en mooglikheden.

Ik tocht oan it leech wetter dêr't ik moarns oer mimere hie en hold de wurden fan de âlde, wize frou yn gedachten. Yn ien dei kaam ik fan it leechste nivo op it heechste. Beide holpen my om Baskelân in bytsje te begripen; hoe't it opboud is troch de iuwen hinne, hoe't struktueren foarme binne.

It is noch mar in begjin. Ik moat noch folle mear sjen fan dit moaie lân, syn fassinearjende skiednis, nijsgjirrige heden en wankjende takomst.

BART KINGMA