en fy eu mk sl ga

Jan Menno Rozendal

2018-10-28 20:45 — Bitola, Macedonia

It hillich moatten

Sleau gebeart de útbater fan de hippe loungebar nei it westen: ‘Bitola hat alles, sels in unyk natuergebiet om ’e hoeke. Dit kin wier in prachtige regio foar toeristen wêze.’

It gebiet dêr’t it hjir om giet, is it Pelister Natuerpark, mei as hichtste punt de top mei deselde namme. Al fan it begjin ôf dat ik hjir bin, tink ik: ik wol dy berch op. Nee, ik moat dy berch op. As 'jongeman' fan it flakke lân ha berchtoppen foar my eat mystyks. Krekt foardat ik nei Masedoanië ôfreizge, siet ik yn Sweden, hielendal yn it kâlde Laplân. Fansels: rendieren, wetterfallen, natuer, rust; allegearre like moai. Mar wêr՚t it my werklik om gie: dêr is de heechste berch fan Sweden, en dy moast ik op.

De Pelister is dan wol net de heechste berch fan Masedoanië, mar dochs: 2601 meter skjin oan ’e heak. It earste besykjen mislearret: nei 5 wiken sinne is krekt de dei dat ik nei boppen wol in dei fan rein, mist, rein, wyn en rein. As in fersûpte kat jou ik earne healwei belies. Pelister 1 - Rozendal 0. Mar it folgjende wykein meitsje ik yn leaflik sinneskynwaar gelykspul, en wa wit kin ik de kommende wiken yn ekstremis noch de winst pakke...

Wylst ik dêr sa op de top stean en 3 lannen (Masedoanië, Grikelân, Albanië) oereagje, tink ik oan al dy minsken op de terrassen yn Bitola, dy՚t no grif harren kofje drinke of in Zlaten Dab (in krekt wat tefolle oan te rieden lokale biersoarte). Wat dogge se dêr no, wêrom steane se hjir net om my hinne? Wat besielet lju dy՚t sa ticht by sa՚n prachtige oarde wenje, om net eltse gelegenheid oan te gripen en rin dizze berch op?

It sil deselde reden wêze wêrom՚t ik al hast 20 jier net op in Waadeilân west ha: it kin ommers altyd noch, it leit om ’e hoeke, ik gean wier wol wer ris, mar hjoed efkes net. Hjoed jou ik my del mei in boek, yn ‘e tún, in kopke kofje derby. Ik aaikje de kat en rommelje wat yn ‘e keuken om. Op syn heechst in kuierke troch it park. Op himsels neat mis mei, mar op reis komt ynienen it heilige moeten om ’e hoeke: ik bin hjir mar sa koart, der is safolle nijs te sjen, te ûnderfinen, te priuwen. Dus: gjin tiid om te niksen, fan de bank ôf doelleas nei in skerm te stoareagjen, of facebook nochris troch te scrollen...

Tinke jo dan. De folgjende dei sjoch ik ta myn fernuvering dat Ajax - Feyenoord hjir live op de telefyzje komt. It senario tekenet him al út: pûde sjips derby en langút op de komfortabele hoekbank. Wylst Ajax 1-0 makket, tink ik loai: ek it heilige moeten ken syn pauzes.