en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2018-09-13 11:00 —

Jan Minno Rozendal troch sjuery Oare Wurden selektearre foar ferbliuw yn Masedoanië

Histoarikus en publisist Jan Minno Rozendal is troch de sjuery fan it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Masedoanië.

Fan de twa ynstjoerde skriuwplannen fûn de sjuery dat fan Rozendal it sterkst. Hy reizget nije wike ôf nei de Masedoanyske stêd Bitola foar in ferbliuw fan acht wiken.
 
Rozendal wol tidens syn ferbliuw begjinne oan in biografy fan Douwe Kalma. As oprjochter fan de Jongfryske Mienskip en skriuwer fan it essay 'Fryslân en de Wrâld' joech Kalma goed hûndert jier lyn in enoarme ympuls oan it selsbewustwêzen en de eigenwearde fan de Friezen. Rozendal wol graach in wittenskiplik ferantwurde biografy skriuwe en sjocht syn ferbliuw yn Masedoanië as in prelude op dit ambisjeuze skriuwprojekt. Mear oer it plan en oer de beoardieling fan de sjuery is te lêzen yn it sjueryrapport.

Rozendal (1979) is berne yn de Westereen en wennet no yn Grins. Yn dy stêd hat hy skiednis studearre. Yn ‘e simmer fan 2014 krige hy âlde memoires yn hannen dy’t hy ferwurke hat ta syn debútroman Drift, dy’t begjin 2017 útkaam. In jier letter kaam syn twadde wurk De Fluchste Blanke út. Beide boeken binne histoaryske romans: it earste spilet him ôf om 1910 hinne, de twadde om de Twadde Wrâldkriich hinne. De lêste oardel jier hat hy boppedat dwaande west mei in biografy fan de dichter en Fryske strider Anders Minnes Wybenga (1881-1948), dy’t yn septimber 2018 it ljocht seach.

Earder wie André Looijenga ek al yn Bitola foar Oare Wurden. Bart Kingma en Gerard de Jong ferbleaune yn San Sebastián (Baskelân), Hein Jaap Hilarides yn Maribor (Slovenië) en Karen Bies yn Belmullet (Ierlân).

Other Words/Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018-programma Lân fan Taal, dat as doel hat doel om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.