en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2018-04-11 16:12 —

Karen Bies troch sjuery Oare Wurden selektearre foar ferbliuw yn Ierlân

Skriuwster en programmamakster Karen Bies is troch de sjuery van it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden útkeazen foar in ferbliuw yn Ierlân. Fan de tsien ynstjoerde skriuwplannen fûn de sjuery dat fan Karen it sterkst. De kommisje is fan betinken dat Karen mei har kar foar in aktueel ûnderwerp, in multymediale foarm en in wichtige doelgroep hiel goed oanslút by de opset fan it Oare Wurden-projekt.
 
Bies neamt har ambisjeuze plan ‘de simmer fan Ids’. Se wol yn Ierlân in Frysk ferhaal foar jongeren (15 oant 20 jier) skriuwe, mar úteinlik moat it in roman en filmsenario foar in muzykfilm opsmite. Se wurket dêrby gear mei in echte band, de Fryske band WIEBE. Se kiest bewust foar dizze doelgroep om’t se fan betinken is dat der te min oan Frysktalige boeken, searjes en film foar jongeren ferskynt. Mear oer it plan en oer de beoardieling fan de sjuery is te lêzen yn it sjueryrapport.
 
Karen Bies (1968) is kultuerredakteur, ferslachjouwer en presintator by Omrop Fryslân. Sy makket reportaazjes foar radio en tv. Sûnt 2013 presintearret sy it Grut Frysk Diktee op de Fryske telefyzje. Karen sit yn de redaksje fan kultureel tydskrift de Moanne en skriuwt ynterviews, kollums en ferhalen. Karen sil kommende simmer 8 wiken ferbliuwe yn it Ierske plak Belmullet. Se sil geregeldwei publisearje oer har ûnderfiningen fia in blog op de webside fan Oare Wurden.

Foar dit ferbliuw yn Ierlân hiene mar leafst tsien kandidaten har oanmeld: fiif skriuwers en fiif skriuwsters. Yn it goed twajierrich bestean fan dit projekt is dat in rekôr. Der sieten foarstellen by foar poëzij, proaza, graphic novel, toaniel en reisferhalen. De beoardielingskommisje bestie út Marijke de Boer, Bart Kingma en Tryntsje van der Steege.
 
Eardere Fryske dielnimmers oan Oare Wurden wienen André Looijenga yn de stêd Bitola (Masedoanië), Bart Kingma en Gerard de Jong yn San Sebastián (Baskelân) en Hein Jaap Hilarides yn Maribor (Slovenië).
 
Other Words/Oare Wurden wurdt útfierd troch Tresoar, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. It projekt is ûnderdiel fan it LF2018-programma Lân fan Taal, dat as doel hat om Fryslân as publyks- en kennissintrum foar meartaligens te posisjonearjen.