en fy eu mk sl ga

Bart Kingma

2016-11-10 08:30 — Donostia

Libben

Hoewol't ik it perfoarst net fan doel wie, ûntkom ik der net oan en ferlykje sa no en dan de Baskyske kultuer mei de Fryske, wylst ik hjir as Fries yn Baskelân omdoarmje. Ien fan de saken dy't my wat oergeunsitch makke, is it brûken fan it Baskysk yn it offisjele ferkear. Wylst we by ús fan de iene yn de oare ferfelende diskusje rûgelje hjiroer, stiet boppe de doarren fan Baskyske bussen en gebouwen gewoan 'yngong' en 'útgong' yn it Spaanske én yn it Baskysk, en fyn ik oeral twatalige toeristyske en kulturele ynformaasje, op strjitte en op it web. Je hoege de taal net ferstean te kinnen om wurdearring te hawwen foar de mearwaarde fan it brûken fan twa talen njonken elkoar op lykweardich nivo. Op dit mêd kinne wy noch hiel wat leare fan de Basken.

Twads: de ymplemintaasje fan pleatslike yngrediïnten yn de gastronomy. Jawis, wy hawwe ek in groepke koks en restauranthâlders dy't har sterk meitsje foar herwurdearring fan ús eigen tsiis en woarst, fergetten grienten, brea en buorrels, om ús better bewust te meitsjen fan de rykdom dy't wy fan it lân helje. Se dogge goed wurk, mar hawwe noch in lange wei te gean. Yn Euskal Herria liket dit de gewoanste saak fan de wrâld, hat it miskien sels noait oars west. Ik kin hjir gjin merk foarby rinne sûnder ferliede te wurden troch hearlik rûkende Idiazabal skieppetsiis, chorizo, ansjovis en sardines, begelaat troch flessen sider en de lokale wite wyn txakoli.

It krewearjen om bern de Baskyske taal by te bringen is hjir folle sterker as by ús. Let wol: in soad skoallen dogge sels mei oan in bertsolari-programma, in sjongfoarm wêrby'st spontaan in liet ymprovisearje moatst, troch sels de tekst te meitsjen by in ûnderwerp dat dy oanrikt wurdt. Bern leare dus harren foarstellingsfermogen te brûken, harren taal op artistike wize te brûken, én om op te treden foar publyk. Ik stel foar dat wy fuortdaliks de bertsolari-keunst yntrodusearje yn Fryslân.

Oké, de Basken hawwe ek har reden ta soarch. Se binne bekend mei deselde swierrichheden as elkenien hat yn de moderne maatskippij. En se witte dat der in grut ferskil sit tusken belutsenens yn it relatyf lytse sintrum en de grutte perifery fan wat we 'Baskelân' neame. En lit ús it mar eefkes net hawwe oer dy turbulinte skiednis, hjir...

Lykwols, se hawwe reden om grutsk en fol fertrouwen te wêzen. Bygelyks as jongelju op de txistu spylje, de tradisjonele fluit (dy't mei ien hân bespile wurdt. De oare hân is foar de trommel of de tamboerijn. Dat liket my in geweldige oplossing foar it probleem fan ôfnimmende animo foar ús amateurorkesten). Spylje op de txistu kinst hjir sels op conservatorium-nivo leare.

En miskien noch dúdliker: ik wie by in optreden fan de pleatslike singer-songwriter Joseba Tapia. Syn protestsongs en folkmuzyk lûke jonge minsken oan, en de jonge muzikant op it poadium njonken Joseba wiksele syn elektryske gitaar ôf mei de trikitixa, de diatoanyske akkordeon. Tradisjonele klanken yntegrearje yn universele, moderne muzyk. Dat behoedet de lokale kultuer foar syn ûndergong.

Sa't ik sei: Basken hawwe in pear redenen om grutsk te wêzen op harren libbene kultuer. En de Friezen soenen hjirfan leare kinne. Troch harren taal te ferstevigjen en tradysjes te fernijen, sadat dy stadichoan transformearje fan âldwrinzige folkloare ta in ûnderskiedende kwaliteit.