en fy eu mk sl ga

Jan Menno Rozendal

2018-09-21 10:00 — Bitola, Macedonia

Lytse Tony

Lykas sa faak, is de reis sels it wiere doel. Eins binne wy, myn Baskyske húsgenoate Ainara en ik, ûnderweis nei ien fan ’e hichtepunten fan Bitola: de oerbliuwsels fan de antike stêd Heraclea Lyncestis, yn de fjirde iuw foar Kristus stifte troch Philippus II, heit fan Aleksander de Grutte. It is in moaie kuier fan likernôch 3 kilometer út ús appartemint wei. Wy geane yn de moarntiid, ear’t de sinne te heech stiet.

Underweis komme we by in begraafplak lâns, mei ûnder oare oarlochsgrêven út de Earste Wrâldkriich. Ut in kapeltsje oan ’e râne fan it begraafplak klinkt wijde muzyk. Us prinsipe is: alles útprobearje, dat we stappe der op goed gelok yn. Fuortdalik komt der entûsjast in frijwilliger op ús ôfstappen, Antonio, ek wol ‘Little Tony’ neamd, sa stelt er himsels foar. Wylst er yn syn yndrukwekkend burd wriuwt, hjit er ús hertlik wolkom, de oanspraak docht him dúdlik goed. Underwilens hat er blykber in (boppenatuerlike?) wink nei bûten dien, want net folle letter komt der in frou yn mei druven en lokale keekjes.

Wylst wy lekker trochhappe, stapt ús gasthear mei grutte gebearten sûnder muoite troch de skiednis fan it otterdokse leauwen. Hy hat der dúdlik nocht oan, oant hommels it G-wurd falt. Foar de dúdlikens: Grikelân. Ynienen hâldt Tony mei syn religieuze ferhaal op en begjint, fûl no, oer de skiednis en benammen oer de hjoeddeistige politike situaasje. Op 30 septimber wurdt nammentlik in referindum holden oer de nammewiziging fan de ‘Eardere Joegoslavyske Republyk Masedoanïe’, it moat yn de takomst Noard-Masedoanïe hjitte, op ynstigaasje fan de Griken.

Der is fansels in foar-kamp en in tsjin-kamp, mar ek in tredde kamp: de fraach überhaupt stelle is neffens harren sá absurd, sá’n grutte mislediging, dat se dy deis perfoarst net nei de stimbus geane. Masedoanïe is MasedoanÏe, en dêrmei basta: se litte harren net koeienearje troch de Griken!

Tony tsjinsprekke is net in goed idee, begryp ik.

Ynienen sit ik ûnbedoeld yn in rollespul. ‘Ik bin Grikelân,’ leit Tony yn breklik Ingelsk út, ‘en do Masedoanïe. En no doch ik dit mei dy!’ Foardat ik goed en wol troch haw wat de bedoeling is, leit Tony syn 9 ½ fingers – miskien in ferhaal foar in folgjende kear – om myn kiel hinne. Krekt as ik Ainara in wink jaan wol om dochs mar de helptsjinsten te skiljen, lit er wer los. Syn antlit klearret wer wat op, en hy lit him sels oerhelje ta in foto.

Dat moat dan wol bûten barre, binnen mei perfoarst net ôfdrukt wurde. Op 1 útsûndering nei: as ik my yn de kommende twa moanne yn it kapeltsje bekeare lit ta it Otterdokske leauwen, mei Ainara dêr foto’s fan meitsje, ûnthjit er ús laitsjend ta ôfskie.