en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-09-30 13:20 —

Makeska's earste wike yn Ljouwert

Gastskriuwster-filmmakster Marija Makeska út Masedoanië hat twa drokke earste wiken achter de rêch. Har fêste gids André Looijenga brocht har mei ferskate plakken yn Ljouwert yn ‘e kunde en naam har mei nei in redaksjegearkomste fan literêr tydskrift Ensafh yn Aldehaske. Se wie by de útrikking fan de Piter Jelles Troelstrapriis oan Nyk de Vries, yn de tún fan boekhannel Van der Velde. Ek dêr moete se ferskate skriuwers. Sneons dêrnei wie se by Swalk, Frysk op Toernee, yn Mantgum.  En de wike dêrop joech Teake Oppewal har by Tresoar in yntroduksje yn de Fryske skiednis en literatuer en waard se foar de Moanne ynterviewd troch Arjan Hut. Syds Wiersma late har rûn troch it Frysk Film Argyf.

Dizze moaie lêste wiken fan septimber binne presintsjes foar in filmmakker. Marija ûntduts de sjarmes fan Harns en gie dêr ferskate middeis hinne te filmjen. Ofrûne sneon hawwe André Looijenga en Syds Wiersma mei har oan it filmjen west. Se folgen yn Wytmarsum en Pingjum de spoaren fan de Fryske tsjerkeherfoarmer Menno Simons (1496-1561), en makken ûnder oaren opnames yn it skûltsjerkje fan de mennisten yn Pingjum. Marija hie dêr in prachtich ynterview mei Jan Meester, ien fan de rûnlieders fan it tsjerkje.

Underweis nei de Fermanje yn Aldebiltsyl, foar wat lêste opnames oer de mennisten, bedarre it trijetal by de seedyk fan Koehoal op in feest. Tzummearumers en Koehoalsters fierden dêr dat it bunkerhúske tsjin ‘e âlde seedyk, it iennichste oerbliuwsel fan de Koehoalster Stelling  út WOII, no folslein restaurearre is. Der wienen swiere Kanadeeske jeeps en kokette sjongeressen, der waard barbecuet en der wie in nijsgjirrige tentoanstelling yn it bunkerhúske sels.  Alwer in kadootsje foar in filmmakster dy’t it leafst swalkjendewei troch Fryslân de bylden op har paad kommen sjocht. De trije hawwe oant djip yn ‘e jûn it Waad en it libben op en om ‘e seedyk filme.

Kommende sneon traktearret Tresoar Marija op Grutte Pier fan Kimswert, de spektakulêre iepenloft foarstelling fan PeerGrouP.