en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-11-07 14:25 —

Marija Makeska fertoant har film Dear Alexandr (2015) op Noardlike Filmmeeting

By de Noardlike Filmmeeting, kommende freedtemiddei 11 novimber, jout ús Masedoanyske gastskriuwster-filmmakster Marija Makeska in presintaasje oer har filmwurk. De byienkomst fynt plak op it Noardlik Film Festival, dat fan 9 oant 13 novimber yn Ljouwert holden wurdt. 

Foar in publyk fan noardlike filmmakkers, filmkollektiven, produsinten en skriuwers wurdt Marija’s film Dear Alexandr (2015) freed fertoand. De film nimt ús mei yn de ‘perfekte’ wrâld fan Klara (Pauline Ann Johnson) dy’t bedrige wurdt troch de komst fan de ‘frjemde’ Anna (Rachel Elizabeth Porter). Beide froulju fjochtsje al gau om de leafde fan Alexandr (George Avgoustis), in man dy’t de finzene liket te wêzen fan Klara har dreamwrâld. 

Dear Alexandr waard earder al fertoand op it West Nordic International Film Festival yn de Noarske stêd Alesund. Op de Noardlike Filmmeeting fan kommende freed sil Marija ek fertelle oer it skript foar in nije bernefilm, dêr’t se hjir yn Ljouwert oan wurke hat. Se wol de mooglikheden beprate om de film hjir ek te meitsjen.

De filmbylden dy’t Marija de ôfrûne wiken yn Fryslân sketten hat, sil se nei har ferbliuw yn Fryslân foar Radio Televizija Vojvodina yn Servië monteare ta inkele koarte doks oer Fryslân, dy’t wierskynlik ek útsjoerd wurde sille. Dêroer letter mear.

Foar mear ynformaasje oer de Noardlike Filmmeeting, sjoch hjir