en fy eu mk sl ga

André Looijenga

2016-06-30 23:00 — Bitola, Macedonia

Masedoanysk as minderheidstaal!?

Ast in koart fraachpetear hân hast, tinkst nei ôfrin altyd oer watst eins ek noch sizze moatten hiest. Sa waard ik fan ’e middei foar de radio ynterviewd troch Harm Weistra fan Omrop Fryslân, oer myn ferbliuw yn Bitola yn it ramt fan Oare Wurden. It is my dêrby hielendal ûntsketten om te fertellen dat ik ein july optrede sil op it Drimon Festival yn Struga. No ja, elk petearke is oars fansels. It gie dit kear oer hoe’t it stiet mei (grutskens op) taal en kultuer yn Masedoanië. No, dêr kinne je boeken oer fol skriuwe, want grutskens ha se hjir net brek!

Oare Wurden stiet by uzes te boek as in projekt oer wat wy (mei in ferfelend wurd eins) ‘minderheidstalen’ neame. Net te’n ûnrjochte stelde Weistra my de fraach:

“Op hokker peil stiet it Masedoanysk as minderheidstaal yn Masedoanië?”

 

Fansels is it Masedoanysk, hjir yn de Republyk Masedoanië, net de minderheids- mar de mearderheidstaal. It is de fiertaal fan it bestjoer en fan it ûnderwiis (útsein op plakken dêr’t Albaneesktaligen yn de mearderheid binne). Dy sitewaasje is folslein oars de posysje fan it Frysk by ús. (Spitigernôch.) Wol is it sa dat it Masedoanysk in frij lytse taal is: yn it lân wenje ommers mar goed twa miljoen minsken. Oare Wurden is eins ek mear in literêr útwikselingsprogramma tusken ‘frij lytse talen’.

 

It hat der mei it Masedoanysk lykwols net altyd sá hinne lein. It soe no te fier gean en fertel it hiele ferhaal oer hoe’t de Masedoanyske taal en kultuer yn de 19e ieu yn de belangstelling kamen, hoe’t de taalkunde en folkloare in yntellektueel slachfjild tusken Bulgaren, Griken en Serviërs waard, en hoe’t oan ’e ein fan de Twadde Wrâldoarloch it befrijde Joegoslavië it nije Standert-Masedoanysk ûntwikkeljen liet. Dat neifertelle is boppedat in kuiertocht troch in minefjild fol nasjonaal âld sear. Mar yn myn definitive ferhaal komt der foar jim wis in reade-pealtsjesrûte by de Masedoanyske taalskiednis lâns.

 

Yn it âlde federative Joegoslavië wie Masedoanië sûnt 1945 in eigen dielrepublyk. Dêr waard de Masedoanyske taal bot promoot, mei foar it earst echt Masedoanysktalich ûnderwiis en subsydzje foar (it rezjym net tsjinakseljende) kulturele uterings yn de taal. De grutte, mienskiplike taal fan it Joegoslavië ûnder Tito wie lykwols it Servokroätysk. In ferplichte skoalfak. In taal dy’t troch radio, tillevysje en populêre muzyk by elk yn ’e hûs kaam. En benammen yn de stêden setten har troch de jierren behoarlik wat minsken út oare parten fan Joegoslavië ta wenjen, mei meastentiids Servysk of Kroätysk as memmetaal. Bitola, bygelyks, wie in garnizoensstêd. Hiel wat mannen yn legertsjinst rekken hjirre oan in Masedoanyske frou, haw ik my fertelle litten.

 

Tusken 1945 en 1991 wie de sitewaasje fan it Masedoanysk dêrtroch earder dy fan in ‘minderheidstaal’ dy’t it mear as aardich troffen hie. De stipe fan hegerhân foar de eigen taal wie grut en fanselssprekkend, mar dochs moat der hieltyd in beskate konkurrinsje mei it folle gruttere besibbe Servokroätysk west ha. Ek nei 25 jier ûnôfhinklikens is der noch wol wat te merken fan dy taalferhâlding.

 

By guon betûfte taalbrûkers merkst in grutte noed oer ‘geef Masedoanysk’. De ympekt fan it fenomeen dat wy op syn Frysk ‘distansjearring’ neame hat grut west. En benammen de ynfloed fan it Servysk op it Masedoanysk leit gefoelich. Ferline wike wie ik yn Skopje by de iepening (otvoranje) fan in útstalling fan Damien Hirst. (Dy syn wurk fyn ik pretinsjeuze opbakte lucht, mar dêr ha wy it no net oer.) Ik wie dêr yn it selskip fan Ž. en M., en ûnderwylst de minister fan kultuer har speech die yn in smoarhite museumfoyer, stjitte de jonge proazaskriuwer Ž. my oan en flústere my yn it ear:

 

“She’s speaking Serbian! She said otvaranje instead of otvoranje... You know, otvaranje is Serbian. I’m not a grammar nazi, but you’d expect something better from a Culture Minister.”

 

Ik merk dat se yn Bitola delsjogge op hoe’t de lju prate yn Skopje. “Allegear Servyske wurden! Nee, dat is gjin goed Masedoanysk.” – En ek de grutte filolooch en dichter Blaže Koneski (1921-1993), de foaroanman fan de standerdisearring fan it Masedoanysk en skriuwer fan de offisjele grammatika, moat it gauris ûntjilde. “Blaže Koneski hat mei sin ús taal mear Servysk makke. Echt Masedoanysk, út Bitola, hat mear Bulgaarske wurden. En âlde wurden út it Turksk en witwêrwei.” – “De literatuertaal fan Blaže,” mient in oar, “dat is net hoe’tst prate, hoe’tst skriuwe moatst. Hy hat de grammatika baseard op in boeredialekt fan by Prilep. Mar sa prate wy hjir yn de stêd net. Wy prate net as in stel boeren. En se ha der te folle Servysk by dien, om de Bulgaren tsjin te sitten.”

 

It Servysk en Kroätysk binne (noch altyd) in fertroud taalgebiet foar de Masedoaniërs. Je lêze it op de ferpakkings yn de supermerk, yn de tydskrifterekken steane in soad blêden yn dy taal, hast de helte fan de tillevyzjestjoerders dy’t ik hjir ûntfang binne yn it Kroätysk of Servysk. De populêrste popmuzyk dy’t dy om de earen tetteret, is ek noch hieltyd de Servyske ‘turbofolk’. En útsoarte hearre je dêr op del te sjen, sokke muzyk is ommers šund, rotsoai. (Ja en om it noch slimmer te meitsjen: šund is in lienwurd út it Dútsk.)

 

De bern fan de Joegoslavyske militêren, amtners en ûnderwizers dy’t yn stêden as Bitola fersille rekken, binne lykwols Masedoaniërs wurden dy’t Masedoanysk prate. Want in minderheidstaal, dat is it Masedoanysk – mei tanksij (it eks-wêzen fan) Joegoslavië – net (mear).

 

* * *

 

It fraachpetear mei Harm Weistra is te beharkjen fia dizze link: http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/weistra-op-wei-fan-30-juny-2016-1600 It item sit yn it twadde part (17:00-18:00), en begjint by 42.00.