en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-09-13 13:00 —

Masedoanyske skriuwster en filmmakster Marija Makeska komt nei Fryslân


Tongersdei 15 septimber ûntfangt Other Words / Oare Wurden de Masedoanyske skriuwster en filmmakster Marija Makeska. Sy sil acht wiken yn Ljouwert wenje en wurkje. Marija wurket hjir oan it skript fan har nije film:  2027: The Time of the Crystal Children.

Marija Makeska (1986) is berne yn Skopje en wennet yn Bitola, yn de Republyk Masedoanië. Tusken 2003 en 2015 wenne  se yn Detroit, USA. Se skriuwt poëzij en toniel. Yn 2014 ferskynde har dichtbondel The Book of Muses. Yn 2008 wûn se de Office of the Provost Grant foar in dokumintêre oer de Masedoanyske Joaden yn de Twadde Wrâldoarloch. Dy film waard fertoand op ferskate festivals, û.o. yn de USA, Canada, Oastenryk, Servië en Masedoanië. Har jongste film  is Dear Alexandr (2015). De film nimt ús mei yn de perfekte wrâld fan Klara (Pauline Ann Johnson), dy’t yn oerstjoer rekket mei de komst fan Anna (Rachel Elizabeth Porter) . Beide froulju bedarje yn in striid om de leafde foar Alexandr (George Avgoustis), in man dy’t de finzene liket te wêzen fan Klara's dreamwrâld. Foar de trailer fan de film, sjoch: https://www.youtube.com/watch?v=r2sb3hEZ3eA

Yn Fryslân wol Marija yn kontakt komme mei skriuwers en filmmakkers. Om ideeën út te wikseljen, feedback te krijen op har filmskript en in kreätyf Masedoanysk-Frysk netwurk op te setten. Se is ek fan doel om hjir te filmjen. Oer taal, kultuer en lânskip yn Fryslân wol se koarte filmregistraasjes meitsje: Fryslân troch de eagen fan in Masedoanysk-Amerikaanske filmmakster.

Op dit stuit dogge der fiif taalgebieten mei oan Other Words, in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen: Baskelân, Ierlân, Sloavenië, Masedoanië en Fryslân. Yn oktober-novimber sil de Fryske skriuwer Bart Kingma acht wiken nei Baskelân ta. Hy wurket dêr oan in roman mei in wichtige rol foar de Baskyske muzyk. Yn juny-july wie dichter André Looijenga acht wiken yn Masedoanië. Hy hat Marija Makeska dêr kennen leard en sil har hjir no yn kontakt bringe mei Fryske skriuwers. Filmmakkers dy’t graach mei Marija yn kontakt komme wolle, kinne har melde by de organisaasje fan Oare Wurden.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei:

Syds Wiersma, projektlieder Other Words/Oare Wurden Fryslân
Tel. 058-7890714
otherwords@tresoar.nl
www.oarewurden.frl
www.tresoar.nl