en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2018-06-14 11:57 —

Meartalige lunsj yn MeM

Lunsjroom MeM, yn it hert fan it ‘Lân fan Taal’ yn Ljouwert, wie it dekôr foar in gesellige gearkomst fan fjouwer froulju dy’t allegear belutsen binne by Oare Wurden.

Karen Bies set ein nije wike ôf foar har ferbliuw yn Belmullet, Ierlân. Se sil dêr wurkje oan har skriuwplan ‘De Simmer fan Ids’.

Aifric Mac Aodha komt út Ierlân en bliuwt acht wiken yn Fryslân om te wurkjen oan har poëzy. Yn Ierlân makket se har sterk foar de Ierske taal en publisearret se gedichten yn it Iersk.

Ek Helena Fosnjar ferbliuwt dizze simmer yn Ljouwert. In nije ûnderfining foar de Sloveenske, want neist har oersetwurk sil se no foar it earst sels wurk publisearje. It is foar it earst dat der twa skriuwers tagelyk yn Ljouwert ferbliuwe.

Op 4, 5 en 6 july is Ljouwert de lokaasje foar de jierlikse partners/network meeting fan Oare Wurden, wêrby’t koördinatoaren en skriuwers út alle fiif lannen by elkoar komme. Ek is der in literêre ‘talkshow’ mei live muzyk yn talepaviljoen MeM op freedtejûn 6 july. Mirjam Vellinga, projektlieder fan Lân fan Taal by de Afûk organisearret tegearre mei Oare Wurden it evenemint. Hjiroer ynkoarten mear op dizze webside.

Sa belooft it in boeiende simmer te wurden!