en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-03-31 13:00 —

Sjuery ´Oare Wurden´ kiest André Looijenga foar ferbliuw yn Masedoanië

Tresoar docht mei oan it ynternasjonale projekt ‘Other Words / Oare Wurden’ en hat Fryske skriuwers oproppen plannen te meitsjen foar in ferbliuw kommende simmer fan acht wiken yn Masedoanië. Fiif skriuwers makken in plan en stjoerden it yn. In sjuery,  besteande út Ate Grijpstra, Marijke de Boer en Tryntsje van der Steege, hat de ynstjoerings beoardiele en in kar makke. Oan de hân fan de ynternasjonale doelstellings en kritearia binne de plannen, dy’t tige ferskillend fan idee en opset wienen,  besjoen.

De kandidaat dy’t neffens de beoardielingskommisje it bêste foldocht oan de kritearia en doelstellings fan it projekt is André Looijenga. Mei syn útstel om yn Masedoanië te wurkjen oan in literêre reisreportaazje makket er in bewuste en beärgumintearre kar foar literêre non-fiksje, mei omtinken foar tema’s en ûnderwerpen dy’t sawol foar it Oare Wurden-projekt as it oeuvre fan Looijenga sels fan grut belang binne: it funksjonearjen fan in lytse taalmienskip, it plak fan de literatuer dêryn, (ynter)nasjonale kwestjes en kultuer-maatskiplike identiteit. Looijenga leveret fan alle kandidaten it meast folsleine plan mei literêre en aktuele wearde, en lit hjirmei sjen dat er him ynsette wol foar mear strukturele kontakten en takomstige gearwurkings mei de lokale literêre mienskip en tydskriften yn Masedoanië. Syn CV jout betrouwen yn syn funksjonearjen as skriuwer en as oersetter, mei de nedige akademyske ûnderfining en in bewûnderensweardige taalfeardichheid.

André Looijenga  (1982) hat Gryksk en Latyn studearre, en is linkendewei ta it Frysk kommen. Sûnt 2011 is er redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Ensafh. Op akademysk mêd hâldt er him dwaande mei de kulturele en sosjale skiednis fan taal, literatuer en foarming fan identiteiten. André skriuwt essays en gedichten, en makket oersettings út ferskate talen wei. Op de webside fan it literêre tydskrift Ensafh kinne jo wurk fan him lêze: www.ensafh.nl.

It sjueryrapport oer de seleksje fan de Fryske skriuwer foar it ferbliuw yn Masedoanië fine jo op www.tresoar.frl. Dêryn wurde ek de achterlizzende doelstellings fan it projekt en de seleksjekritearia neamd.

Heal april giet de twadde ‘call’ fan Oare Wurden fan start: yn oktober-novimber kin in Fryske skriuwer acht wiken oan it wurk yn San Sebastián (Baskenlân), Europeeske kulturele haadstêd fan 2016. De ûnderfinings fan André Looijenga yn Bitola, Masedoanië sille kommende simmer yn ferskate media te folgjen wêze, ûnder oaren op de webside en de facebookside fan Oare Wurden:

It projekt ‘Other Words / Oare Wurden’ wurdt útfierd troch Tresoar yn gearwurking mei de provinsje Fryslân, en is ûnderdiel fan it Kulturele Haadstêd 2018-programma ‘Lân fan Taal’ wêrmei't Fryslân troch in ferskaat oan projekten it Europeeske kennissintrum fan Meartaligens wurde wol.