en fy eu mk sl ga

Jan Menno Rozendal

2018-11-16 13:17 — Bitola, Macedonia

Oant sjen, Masedoanië

Lykas sa faak, is de reis sels it wiere doel.

Sa wie de earste sin fan myn earste blog út Masedoanië wei. No’t ik krekt werom yn Nederlân bin, tink ik dat dit sentimint jildt foar de hiele acht wiken fan myn ferbliuw dêr. Ik hie yn ՚t foar doelen steld, dy’t ik yn Bitola helje woe: soms hienen se te krijen mei it wurk, soms wienen se mear persoanlik. Soms fysiek, soms mentaal, soms sosjaal. Somtiden haw ik se helle, somtiden ek net. Mar oan ՚e ein fan myn ferbliuw dêr wienen it de ûnferwachte sydstrjitten, sawol yn ’e hichte as yn ‘e bedelte, dêr՚t ik it meast oan weromtinke sil. De dingen dy’t ik sjoen haw, de minsken dy’t ik moetsje mocht, de positive en negative mominten dy’t der wienen...

Yn myn lêste wike haw ik Grikelân en Albanië noch besocht, bin ik trou nei Turkse les gien, haw minsken moete út Tsjechië, Oekraïne, Bulgarije en, it is echt wier, ek út Fryslân. Mar it meast fan alles haw ik, no’t it noch koe, noch in bytsje mear fan Masedoanië meikrige. Ik bin noch ien kear by de plakken lâns kuiere dy’t my sa bekend wurden binne, dêr’t ik weromtinkens oan haw… troch it park, by de bistetún lâns, de heuvels op, nei de âlde ferroastke fleantugen… Noch ien kear in Shopska salade, noch ien kear in Zlaten Dab. Noch ien kear ek nei Heraclea. Ik siet dêr hielendal allinnich yn it teater út de twadde iuw, en koe rêstich yn it sintsje weromsjen op acht moaie wiken...

Reizen door Albanië en Macedonië, sa hjit it boek fan de akteur Dolf de Vries dat ik mei hie. Oan ՚e ein mimeret er: Nog altijd sluipt er een stil verdriet in me als ik aan Macedonië denk. Kin ik deselde konklúzje lûke? Net selden foel my it defêtisme fan de ynwenners op, it negativisme, it sels net leauwe wolle dat it ea noch wat wurde sil mei harren lân. Mar harkje ik dan mei it ear fan de Noard-Europeaan miskien ek tefolle nei ynternasjonaal oriëntearre jongelju? Want wylst ik troch it park rin, sjoch ik tefreden minsken, op in bankje yn de sinne, of wylst se in bernewein foar har út skowe, of in kopke kofje drinke… harren libben giet gewoan troch, en haw ik dát ferhaal eins wol genôch heard?

Datsoarte gedachten spoeken my troch de holle wylst in kat my selskip hâldt op de ruïnes fan it histoaryske Heraclea. Ik en katten: an ongoing lovestory, oft it no yn Nederlân is of earne oars. It wurd matschka foar kat wie dan ek it earste dat ik learde nei hoi, tankewol en oant sjen. Dit eksimplaar klimt my by de broekspipen op oant it op myn skouders sit. Dêr bliuwt er moai sitten wylst ik myn lêste rûntsje oer de archeologyske site meitsje. By de útgong lit ik him efter by syn freonen, fjouwer op in rige, slûgjend yn de sinne. Superieure bisten.

Oan al it goede komt in ein, besef ik wylst ik no thús in pear tûzen (ja, sa slim is it…) foto’s oan it skiftsjen bin. De kommende wiken meitsje ik de projekten ôf, dêr՚t ik yn Bitola mei úteinsetten bin, dus de konneksje bliuwt noch efkes… efkes, of foar altyd? In verdrietig lân, sa’t De Vries stelt? Miskien, mar it is ek in lân om, nettsjinsteande alles wat der net oan doocht, dochs in bytsje fereale op te wurden.

Dus, Masedoanië… dit is gjin farwol, mar in oant sjen.