en fy eu mk sl ga

Jan Menno Rozendal

2018-10-10 09:00 — Bitola, Macedonia

Peace

'Us foarige premier wie in meunster, de nije is een ymbesyl.’

Dat binne nochris teksten! Se wurde útsprutsen troch in tweintiger dy’t eins de jierren hawwe moat om noch fol idealen te sitten. Mar it fatalisme spat der al by him ôf.

In jonge frou dy’t ik moetsje, fertelt dan wer oer har oplieding ta sjoernaliste: nei de krisis is dy oplieding neat mear wurdich. No leart se in oar fak: ferpleechkundige. Jûns giet se boppedat nei Dútske les. Miskien leit yn Dútslân foar har in takomst, lykas safolle Masedoaniërs dy՚t it heil earne oars socht hawwe. Masedoanië is ommers politics. En politics betsjut hjir corruption.

In generaasje jonger is der gelokkich noch bernlike ûnskuld. We binne útnûge by in boekpresintaasje fan in yllustrearre dichtbondel foar bern. As de taharkers, ik tink dat se in jier of 8 binne, it antwurd op in fraach fan de skriuwer witte (fragen as: ‘wa kin my noch in fruitsoarte neame?’), stekke se entûsjast sawol wiis- as middelfinger yn de loft, dus net allinne de wiisfinger sa’t wy dat dogge. Sa meitsje se allegearre it peace-teken.

It binne dy lytse dinkjes en ferskillen mei thús dy’t ik as gast yn dit lân sa (nuver)aardich fyn.

In pear dagen lyn hawwe we yn in restaurant tafallich in jierdeifeestje meimakke. Se wurdt 10, Ana. Sawol jonges as famkes binne útnûge, allegearre hawwe se de sneinske klean oan. Se ite pizza en drinke kola, en sjonge Happy birthday to you, dear Ana. Yn it Ingelsk dus. De cake is sa grut dat Ana har âlden ús ek in stikje oanbiede. It soe mar ûnbeskoft wêze om it ôf te wizen, net?

Wer in oare jûn bin ik by in dûnsfoarstelling. Wat it ek betsjut en hoe ûndúdlik de oankûndiging ek is: ik géán. De dûnsers, docht bliken, binne noch (jonge) famkes, tusken de 6 en 16 jier sawat. Se dûnsje kontemporên, sa’t dat sa moai hyt, op ambient muzyk. Stadich dream ik fuort, wylst de grutske âlden op harren mobyltsje opnames meitsje.

Sa’t trouwens de âlden by it ynternasjonale klassike muzyk-festival Interfest ek dogge. De priiswinners, yn ferskate leeftydskategoryen, fan ‘e pianokompetysje krije we op in snein te hearren. De jongste sil in jier of 10 wêze, en och wat kin se spylje...

Nee, oan talint is hjir wier gjin gebrek. Hooplik hat it lân dêr foar langere tiid wat oan. Dat dy jongste generaasje dan yn elts gefal net yn bitterheid fanwegen de korrupsje, opgroeie mei. Peace.