en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-11-08 11:20 —

Produktive earste wiken foar Eneko Aizpurua yn Fryslân

De Baskyske skriuwer Eneko Aizpurua hat de earste wiken fan syn ferbliuw yn Ljouwert net stilsitten. Hy wie ûnder oaren by it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar om yn de kunde te kommen mei direkteur Bert Looper. Looper fertelde Eneko oer de Fryske Frijheid yn de Misdieuwen en liet him bysûndere argyfstikken sjen. Selsbestjoer en regionale identiteit sille in wichtige rol spylje yn it ferhaal dêr’t Eneko oan wurket.

Ek kaam hy al yn de kunde mei ferskate minsken út de Fryske literêre wrâld. Foar de online edysje fan it tiidskrift Ensafh waard hy ynterviewd troch redakteur Hedwig Terpstra. It ynterview wurdt ein novimber publisearre.

Mei syn reade Oare Wurden-fyts en OV-kaart makket er ek al aardich wat útstapkes troch de provinsje. Dêroer is hy ek fanatyk oan it bloggen. Yn it Baskysk, dat wol. Foar ús dreech te lêzen dus, mar mei Google Translate is it mooglik in idee te krijen fan wat er allegear belibbet.