en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-04-04 14:35 —

Réaltán Ní Leannáin komt heal april nei Ljouwert

Réaltán Ní Leannáin is de ‘nije’ Ierske skriuwster dy’t heal april nei Ljouwert komt en hjir yn it ramt fan it Oare Wurden-projekt acht wiken wenje en wurkje sil. Sy nimt it plak yn fan Orna Ní Choileáin, dy’t harsels weromlutsen hat. Réaltán Ní Leannáin waard berne yn Belfast en brocht har jeugd dêr yn de jierren sechtich en santich troch. Se wennet no yn Dublin.

Yn de jierren tachtich wie Réaltán learares Iersk en Spaansk op ferskate middelbere skoallen yn Dublin. Se reizge in soad troch Spanje en learde meardere talen fan dat lân. Dêrnei wie se dosint oan it Trinity College fan Dublin City University en letter oan de Queen’s University Belfast.

Yn de tiid dat se op Queeen’s lesjoech, waard der kanker by har konstatearre. Se oerwûn har sykte en skriuwt sûnt dy tiid. Har earste poëzijbondel, Turas Ailse (2011), is basearre op dy ûnderfining.  Noch altyd blogt se oer kanker, mar ek oer oare saken:  http://turasailse.blogspot.ie/. Se is resinsint fan boeken dy’t yn it Iersk taal ferskine: http://eithniu.blogspot.ie/  Se twittert as: https://twitter.com/RealtanNiL

In 2015 ferskynde har bondel koarte ferhalen Dílis: http://www.cic.ie/en/books/published-books/dilis. It waard in bestseller en feroarsake troch it kompromisleaze perspektyf in soad diskusje.

Réaltán makke ek in Ierske oersetting fan  de deiboeken fan  Aoife Brennan: http://www.amazon.com/Aoife-Brennan/e/B00BKJ1ZV8/ref=dp_byline_cont_ebooks_1. It binne bitterswiete refleksjes op de hjoeddeiske Ierske maatskippij.