en fy eu mk sl ga

Jan Menno Rozendal

2018-10-18 10:45 — Bitola, Macedonia

Revolúsje en pylgertocht

It waard heech tiid om ris wat mear as allinne Bitola te sjen. Myn earste stop is Struga. It stedsje leit oan de noardkant fan de mar fan Ohrid. Hiele folksstammen sille dy namme noch wol kenne fan de boeken fan A. den Doolaard. It gehalte oan Nederlanners is miskien dêrom yn Struga heech, en de lokale middenstân besiket wat te profitearjen troch harren produkten ek yn ‘ús’ taal oan te priizgjen. It is grappich en wat ûngemaklik tagelyk, as oft ik net hast twatûzen kilometers fan hûs bin. Op in terraske kin ik moai meiharkje nei in kibjend Nederlânsk stel, dat dan wol wer. It giet oer jild, fansels. Hollanners, no!

In hichtepunt fan Struga is it Monumint fan de Revolúsje, in grut wyt stânbyld mei dêrop in prachtige tekening fan striders tsjin de Ottomanen. Dêroer letter mear, ik bin nammentlik yn Struga foar wat oars: it Short Film Festival. Yn in gebou dat it bêst as in kâld oandwaande loads omskreaun wurde kin, mar dochs echt ûnderdiel is fan it Kultureel Sintrum, wurde yn trije dagen koarte films toand, benammen út de Balkan. Gasthear Dimitar is mei rjocht en reden grutsk op dit noch nije festival (2e edysje), dat jonge filmmakkers, faaks noch studint, de kâns jout om harren wurk te toanen. ‘Us wurk hat lak oan grinzen, sawol lânsgrinzen as religieuze,’ leit er út, wylst er tagelyk de lytsskaligens fan it festival oanstipt. De afterparty giet ek grinzen foarby: we binne útnûge yn klub Kingston, dêr’t Bob Marley oan de muorre hinget en de barman fol oertsjûging in koarte broek yn Hawaii-styl draacht. We nimme noch ien.

Dan gau troch nei Krusevo, it hert fan de earder neamde revolúsje. It is hjir dat yn 1903 de lokale bevolking yn opstân kaam tsjin de Ottomaanske oerhearsker. Op 3 augustus fan dat jier waard de republyk Krusevo útroppen. It hat amper 10 dagen bestien foar’t de Turkse troepen der in ein oan makken, mar dochs. Noch altyd stiet it stedsje yn de bergen synonym foar dizze Ilinden-opstân, der binne ferskate monuminten fan te finen. Op ien fan ’e heuvels stiet bygelyks in grut, hast klassyk stânbyld fan in man dy’t in grut rotsblok nei de fijan goait. Op in oare heuvel fine we it Makedomium, dat dan wer neat klassyks hat: it bizarre gebou, in soartemint dûkershelm mei stikels, tart eltse beskriuwing. As grut leafhawwer fan kitsch hat dit momumint fan de beide trouwens wol dúdlik myn foarkar.

Oan kitsch ek gjin gebrek yn it teatrale Tose Proeski-museum: het gebou sels docht dêroan mei: it hat de foarm fan in enoarm krús. Te synysk wol ik ek net wêze; de sjonger Tose Proeski stoar, doe՚t er 26 jier wie, by in auto-ûngelok. It is allegear slim genôch. Mar hoe tragysk ek, it gehiel hat wat sweeslaggerichs. Ik woe hjir trouwens beslist op 16 oktober wêze; dit is de sjonger syn stjerdei, al wer alve jier lyn. Om 12 oere krekt sammelje famylje, kunde en fans (en wat ferdwaalde Other Words-skriuwers) harren op it parkearterrein foar it museum. Dêr wurde earst wat ferskes fan de betreure artyst songen, en dan giet it, roas yn de hân, efter de famylje oan yn kolonne nei it grêf. Dat, docht bliken, is in plastik túnhúske, foltroppe mei posters, foto’s, hertsjes, krânsen en teddybearkes. Jo moatte it sjen om it te leauwen.

Ien tienerfamke yn de rige wurdt de emoasje al gau te folle: se falt flau. Foar myn eagen sakket se as in pudding yninoar, har holle klapt op in stien en sûnder te bewegen bliuwt se yn in akelige, ûnnatuerlike hâlding lizzen. In pear manlju komme hurd oanrinnen, der is panyk, it famke har holle bliedt bot. Der begjint ien te razen, in âldere frou gûlt ûnbarmhertich, wer in oar rint fuort mei de hannen foar de eagen. Ik fiel my ûnnut wylst ik it tafriel oanskôgje. It binne 10 einleaze minúten ear՚t de ambulânse der is. As de ferplegers har op de brankaar fuortride, beweecht it famke gelokkich wer.

Tusken alle yndrukken, monuminten en kitsch is it dat byld dat op myn netflues bliuwe sil as ik oan Krusevo weromtink. Ienkear by it grêf fan Tose brân ik in kearske foar har. Masedoanië makket sentiminteel.