en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-07-07 11:30 —

Sjuery Oare Wurden kiest Bart Kingma foar San Sebastian

Bart Kingma, Frysk skriuwer en televyzjemakker, is troch de sjuery fan it Europeeske útwikselingsprojekt Oare Wurden / Other Words útkeazen om yn oktober-novimber yn de Baskyske stêd San Sebastian te wenjen en wurkjen. Fan de twa foarstellen dy’t ynstjoerd waarden foar in skriuwersferbliuw yn San Sebastian fûn de sjuery it foarstel fan Bart it bêste. ‘It is hiel konkreet, goed taret en spannend útwurke.’ Bart Kingma sil him ferdjipje yn de kultuer en skiednis fan Baskelân en dat ferwurkje yn in Fryske roman. “Ik wol útfine yn hoefier’t har identiteit en politike posysje trochklinkt yn de muzyk en de literatuer”.

Bart Kingma wurket op it stuit oan in roman oer in Fryske sjongeres dy’t op in dea spoar yn har karriêre sit. Boppedat sit in traumatyske ûnderfining út har jeugd har dwers. Se beslút om in skoft nei Baskelân te gean, om har dêr ynspirearje te litten troch de rike Baskyske muzyktradysjes. Yn Donostia (Baskysk foar San Sebastian) komt se yn ’e kunde mei in Baskyske singer-songwriter. Dy moeting, dy’t har bewust makket fan de wjerbarstige Baskyske skiednis en kultuer, set har eigen ferline op skerp en sil liede ta de konfrontaasjes dy’t al langer op ’e loer leinen. 

It ferbliuw yn San Sebastian is fan wêzentlik belang foar Bart Kingma syn literêre ‘produkt’. Hy ‘moat’ derhinne om de ‘couleur locale’ op te snuven en ûndersyk te dwaan om’t dat syn roman te’n goede komt. Syn skriuwplan hâldt net yn dat er hiel eksplisyt op syk sil nei spesifike oerienkomsten tusken de Fryske en Baskyske kultuer, of nei in relaasje tusken beide taalsituaasjes. Dochs is de sjuery fan miening dat syn plan hiel goed past binnen de stelde kritearia en doelstellingen fan it projekt Other Words.

Wilens syn ferbliuw yn San Sebastian sil Bart geregeldwei publisearje oer syn ûnderfiningen yn de stêd, dy’t dit jier ien fan de beide kulturele haadstêden fan Europa is. Troch syn wurk by Omrop Fryslân binne der ferskate mediakanalen om it Fryske publyk fan syn ûnderfiningen op ’e hichte te hâlden en San Sebastian yn ’e kunde komme te litten mei Fryslân en de Fryske taal.

Bart Kingma (1970) is in multytalint. Hy skriuwt proaza, songteksten, kollums, senario’s en skripts. Hy is dokumintêremakker en regisearret foarstellingen en programma’s. Hy wie ek de inisjatyfnimmer en ien fan de driuwende krêften efter ‘De Partisanen’ (2008), de cd/dvd mei Fryske bewurkingen fan lieten fan Leonard Cohen. Fierders organisearret er ferhalefestivals. Yn 2010 ferskynde syn earste roman Griene Simmer en yn 2015 it jongereinboek De Deikoersen fan Remco. Syn nije roman Sera, dy’t er dus foar in part yn San Sebastian skriuwe sil, wurdt ferwachte yn 2017. 

De Fryske sjuery fan Oare Wurden, bestiet út Ate Grijpstra, Marijke de Boer en Tryntsje van der Steege.

Foar mear ynformaasje en it sjueryrapport, sjoch http://www.tresoar.nl/Pages/NieuwsEnAgenda