en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2017-02-09 12:00 —

Sjuery Oare Wurden kiest Biltske skriuwer Gerard de Jong foar in ferbliuw yn San Sebastián


Gerard de Jong, haadredakteur fan De Bildtse Post, is troch de Fryske sjuery fan Oare Wurden / Other Words – it Europeeske útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen - útkeazen om yn maaie-juny 2017 yn de Baskyske stêd San Sebastián te wenjen en wurkjen. Fan de fjouwer ynstjoerde foarstellen fûn de sjuery it foarstel fan De Jong út St.-Anne op ferskate punten it sterkste.

De sjuery: ‘It skriuwplan fan De Jong is literêr nijsgjirrich en tsjûget fan in sterke persoanlike driuw. De Jong stiet boppedat midden yn de Biltske (taal)mienskip en sil syn ferbliuw yn San Sebastián brûke om konneksjes mei de Baskyske taal en kultuermienskip te lizzen.’ 

Gerard de Jong (1979) is al santjin jier haadredakteur fan De Bildtse Post. Yn 2000 hat er de krante fan syn pake Gerryt Dirks de Jong oernommen. De Jong hat in brede sjoernalistike ûnderfining. Yn San Sebastián wol er in novelle yn it Biltsk skriuwe. ‘Blau fan dagen, griis fan onrust’ is de titel. It wurdt syn literêre debút: in op feiten basearre histoaryske novelle oer de Biltske bewustwurding, sjoen troch de eagen fan trije generaasjes Bilkerts. De novelle beskriuwt de wichtichste ûntjouwings fan en bedrigings foar it Biltsk fan 1980 oant no.

De Jong: ‘Met myn literêre novelle hoop ik wat del te setten; ’t Bildts ok as literêre taal te erkinnen, te ferankeren. Sien te laten dat ’t kín. De skop in onontgonnen grônd sette, as ’n literêre slikwerker terrain winne: fruchtbere grônd wer’t feerder op bouwd worre kin. ’t Is myn persoanlike missy en driiffeer in ’t leven. ’t Literêre ferblyf in San Sebastián is ’n unike, ‘once in a lifetime’ kâns om deuze droom te realiseren.’

Dizze tredde call fan Other Words / Oare Wurden wie in ‘frije’ call. Other Words is in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen en stiet yn Fryslân inkeld iepen foar skriuwers yn it Frysk. Dizze ‘frije call’ joech Tresoar de gelegenheid om ek skriuwers yn ien fan de Fryske steds- of streektalen út te nûgjen om mei te dwaan. Fjouwer skriuwers hawwe in projektplan foar in literêr wurk yntsjinne, twa yn it Biltsk, ien yn it Ljouwertersk en ien yn it Frjentsjertersk.

Mei de kar foar De Jong krijt it Biltsk kommende maitiid folop literêre oandacht. Want njonken it skriuwen fan syn novelle sil De Jong geregeld yn it Biltsk blogge oer syn ferbliuw yn Spaansk Baskelân. Syn blogs bliuwe net beheind ta De Bildtse Post. Se sille yn alle gefallen ek publisearre wurde op de websiden fan Oare Wurden, Finster op Fryslân en Lân fan Taal.

De Jong siket yn syn novelle en blogs ûnder oaren antwurd op de fraach: ‘Hoe kinne wy literatuur brúkke om ’n hele klaine taal as it Bildts, die’t met nag 6000 sprekers sonder overdriving dos in syn foortbestaan bedraigd wort, steviger del te setten? ’n Fundamint kreëre fan werút ’t Bildts sels ok ’n nije maityd deurmake kin, en bestendig en met ’t hoofd omhoog de toekomst tegemoet kin?’

Foar mear ynformaasje en it sjueryrapport, sjoch op de webside fan Tresoar: klik hjir