en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-12-12 14:35 —

Skriuwer Bart Kingma is wer thús

Foarich wykein is er út San Sebastian wei nei Rie riden en mei de Sint yn hûs fallen. Yntusken hat er ús bypraat. Wy seagen in ûntspannen, entûsjaste skriuwer werom, dy’t fertelde dat er yn Baskelân in geweldige tiid hân hat. ‘Other Words hat my de kâns jûn om it idee foar de roman dêr’t ik al in skoft mei omrûn echt út te wurkjen. Ik fûn it gepraat oer lytse Europeeske talen meastal noait sa boeiend. Mar dit projekt is hiel taastber en foar guon skriuwers yn lytse talen in útkomst. It jout de middels om in skoft fuort te kinnen. Wannear krije jo sa’n kâns? De moeting mei in nije wrâld, mei in oare lytse taal, is tige ynspirearjend. En foar my wie it hiel goed om my acht wiken op it skriuwen te konsintrearjen. Mei de haadstikken fan myn roman dy’t yn Baskelân spylje, bin ik al in hiel ein op streek.

Mei help fan Idoia Noble, koördinator fan Other Words yn San Sebastian, waard Bart yntrodusearre by Baskyske muzikanten en bands. Sera, de haadpersoan fan syn nije roman, is in Fryske singer-songwriter dy’t yn Baskelân bedarret en dêr troch de Baskyske muzyk oare kânsen begjint te sjen.  De moeting mei de Baskyske muzyk is dus essinsjeel foar de roman.  Dêrnjonken lit Bart ek de drege en gewelddiedige Baskyske skiednis in rol spylje yn syn boek. Hy kaam op it spoar fan inkele tragyske ferhaallinen út de resinte Baskyske skiednis. Dy bringt er yn relaasje mei de heftige, persoanlike skiednis fan Sera. Ek foar dit motyf holp Idoia him mei bysûndere moetings, dêr’t er no net al te folle oer kwyt wol. It komt yn fiktive foarm werom yn syn boek.

Bart hold ús mei blogs op ‘e hichte fan syn ferbliuw yn San Sebastian. Hy skreau ûnder it pseudonym Sera foar Finster op Fryslân en ûnder syn eigen namme op de webside fan Other Words. It wienen acht prachtige miniatuerkes fan moetings mei de Baskyske mienskip, taal en kultuer. Links nei de blogs foar Finster op Fryslân sette wy hjirûnder noch even byelkoar.

Slute wy ôf mei in wurd fan tank oan Idoia Noble, foar al har krewearjen om Bart by de plakken en minsken te bringen dy’t er noadich hie as ynput foar syn roman. En fansels, wy sjogge út nei Sera.

1. De Partizaan
'Presoa etxera, amnistia', stiet mei grutte kalkletters skreaun op de pier dêr't dit festivalterrein oan de baai op útsjocht. Dat de Baskyske finzenen mar gau wer thúskomme meie, is it driuwende appèl op it Spaanske regear.

2. Op 'e rin
It paad oer de rotsen is smel en kronkelich, mar goed te berinnen. De sinne belooft hjoed prachtich ûnder te gean, dus de kuier is fol ferwachtings. Yn de fierte komt in frou oandraven.

3. Sarri, Sarri
Sera ûntdekt in skriuwer fan Baskyske lietteksten: Joseba Sarrionandia, koartsein Sarri. Net ien wit trouwens wêr't hy no is.

4. Fêst
Op in Baskysk plein wurdt de Spaanske boargeroarloch betocht. It reint. Sera komt ûnder in donkergriene paraplu fan in âldere man telâne. ‘You can join me if you want,’ seit er. Se skûlje tegearre en hâlde elkoar fêst.

5. Neaken
Sera giet nei in konsert en komt neist in jonge frou te sitten. Har broer treedt op. It wurdt spannend as de bertsolari's begjinne: ymprovisaasjes mei in opdracht. Binnen in pear sekonden moatte de dielnimmers betinke wat se fertelle sille, en in melody dêrby. Je steane eins neaken op it poadium.

6. Dichter en Tsjinstfeint
Ferskûle yn in kelder ûnder in galery sit de moaiste bar fan San Sebastián. Foar jazzleafhawwers, jout de namme dúdlik oan. Mar dochs giet Sera de treppen ôf nei ûnderen ta, want jûn sille Pedro Pastor & Suso Sudón optrede. In duo dat harsels singer-songwriter & dichter neamt, mar dat op de youtube-filmkes foaral fleurich is.

7. Yoyes
Sera is yn San Sebastian foar de muzyk. Tagelyk komt de skiednis fan it geweld en de ETA hieltyd op har paad. Se sjocht in filmke út 1986. In frou wurdt fermoarde.

8. Ofskied
Sera har doel wie ynspiraasje opdwaan foar nije lieten. Hjoed is it safier. It ôfskied.