en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2018-03-13 10:35 —

Temanûmer fan Ensafh oer de Baskyske literatuer

It Frysk literêr tydskrift Ensafh sette yn 2017 útein mei temanûmers oer Ierlân en Malta. No komme se mei in nûmer oer de Baskyske literatuer. Other Words hat dêr in wichtige rol spile by spile. Bart Kingma en Gerard de Jong, de beide skriuwers út Fryslân dy't foar Other Words twa moanne yn Donostia (San Sebastián) wennen, leverje bydragen. De Baskyske krimi-auteur Eneko Aizpurua, fan oktober oant desimber 2017 gastskriuwer yn Ljouwert, hâldt mei Ensafh-redakteur André Looijenga in Baskysk-Frysk petear. Syds Wiersma, dy’t foar Other Words in skoft projektlieder yn Fryslan wie, hat rige Baskyske gedichten oerset. Aizpurua holp him dêrby troch de Fryske proefoersettings út it Spaansk en Ingelsk te checken oan de hân fan de Baskyske orizjinelen. Njonken poëzij hat Ensafh noch in fragmint opnommen út Viajes, frutas, barrios (2014), in boek fan Maite Gonzalez Esnal dat yn 2017 yn it Ingelsk ferskynde ûnder de titel Journeys, fruits, neighbors. Hedwig Terpstra makke de Fryske oersetting

De rêchbonke fan dit Baskennûmer is de tige ynformative ynlieding fan Josse de Haan op de Baskyske literatuer. Hy lit sjen hoe't de literatuer yn Baskelân foar ’t ljocht komt as de izeren greep dêr't de diktatuer fan generaal Franco de opstannige Spaanske regio's tritich jier lang yn festhâldt, ein jierren sechtich ferswakket. In hantsjefol skriuwers komt út har hoalen en begjint in nije generaasje skriuwers te ynspirearjen. Franco stjert yn 1975, Spanje wurdt yn 1977 in demokrasy, en stadich en mei djippe wûnen rjochtet de Baskyske kultuer him op en siket syn frije wegen. De Haan typearret de krêft fan de dit de Baskyske literatuer: ‘Yn 1986 koene se fan ús leare, ik tink dat Fryslân no by de Basken yn ‘e lear moat. Wat se de ôfrûne jierren oprêden hawwe is yn ien wurd ferbjusterjend’ (s. 5). Ferfolgens giet er yn op de hichtepunten binnen de ferskate sjenres, beskriuwt er it engaazjemint yn de Baskyske literatuer (mei û.o. it politike en sosjale konflikt om de ETA hinne) en hat er oandacht foar it eksperimint en de filmynfloed. Obabakoak fan Bernardo Atxaga hellet er even nei foaren. It is it bekendste literêre boek út Baskelân, dat yn 1989 de grutte Spaanske literatuerpriis wint en dêrnei yn mear as tweintich talen ferskynt. Yn it Nederlânsk ûnder de titel It Guozzeboerd (1992).

Atxaga is ien fan de dichters dy’t Syds Wiersma foar dit Ensafh-nûmer oersette. De oaren binne Gabriel Aresti, Joseba Sarrionandia, Itxaro Borda (troch Janneke Spoelstra oerset), Miren Agur Meabe, Kirmen Uribe en Beatriz Chivite. Fan Chivite is mear yn Fryske oersetting te lêzen op de webside fan Other Words. Sy wie yn 2017 foar it projekt yn Maribor, Slovenië, en skreau dêr de gedichtenrige Mugagabea (Unlimited). Dy waard troch Janneke Spoelstra oerset as Unbegrinze: http://oarewurden.frl/uploads/work/unbegrinze.pdf

It is noch in lyts kykgatsje, dit earste Fryske sicht op de Baskyske poëzij. Mar it skynt dat Wiersma plannen hat om de kommende jierren in oersetprojekt Baskysk/Frysk, Frysk/Baskysk fan de grûn te tillen. Hjirûnder folget syn oersetting fan it gedicht Etxera Itzuli (1981) fan Joseba Sarrionandia. Oer Sarrionandia lêze wy noch in moaie anekdoate yn Ensafh (s. 45).

‘As lid fan de ETA waard er yn 1980 oppakt en feroardiele ta in finzenisstraf fan 22 jier. Fiif jier letter ûntsnapte er. Der wie in optreden fan de Baskyske sjonger Imanol Larzabal yn de finzenis. Sarrionandia en Iñaki Pikabea krûpten nei ofrin yn in lûdsprekker en waarden sa it gebou útsmokkele (…) Neidat Sarrionandia in pear moanne ûnderdûkt siet yn in flet yn San Sebastián, waard er de Frânske grins oerbrocht. Sûnt libbe er yn ballingskip en wist eins nimmen wêr't er tahold. Wierskynlik hat er lang op Cuba wenne. Oer syn spektakulêre ûntsnapping skreau de Baskyske rockgroep Kortatu it nûmer Sarri, Sarri. It wurdt noch altyd songen op de Baskyske strannen.’

 

Werom nei hûs
Joseba Sarrionandia

mei de wrâld oan skatkaarten
gie ik fan hûs, by dy wei
op syk nei it liet fan de nimf
de úthoeken fan de eangst yn

lytse blaugrize fjoerstiennen
en de rotsjende nêsten fan swarte klysters
yn de búk fan donkere bosken
wie alles wat ik foar dy fûn

tiid friet it paad op
ik gie werom nei hûs, nei dy
dyn houten doar wie nij
en dyn slot ek