en fy eu mk sl ga

Jan Menno Rozendal

2018-10-03 18:00 — Bitola, Macedonia

Identiteit

Alles is in aventoer yn Masedoanïe, ek soks triviaals as it oanfreegjen fan in bibleteekkaart. Alle kearen wer de fraach: sille we hjoed mei ien prate kinne, dy’t it Ingelsk yn ՚e macht hat? Of wurdt it wer hanne-en-fuottewurk? Diskear hawwe we gelok: Aleksander (al wer ien) ûntfangt ús yn it Ingelsk en laat ús wat rûn yn it gebou: yn de kelder fan ՚e bibleteek blykt in Ingelske seksje te wêzen, en sels in Dútske.

Fansels wol Aleksander ek witte wêr’t we weikomme, foar’t we op de foto foar it paske geane. The Netherlands, is myn gebrûklik antwurd, Frisia soe dochs mar betizing en opûnthâld jaan, tink ik dan. Lykas altyd is Ainara fanatiker: The Basque Country, klinkt it beslist. Pas by in net-begripende eachopslach jout se belies: Spain.

Bin ik minder in skerpsliper, of heart dat miskien by myn wat al te pragmatyske Noord-Europese identiteit? Oer dat lêste wurd sprutsen: it referindum dêr’t safolle om te dwaan wie, is ôfrûne snein hâlden. In grutte mearderheid stimde foar JA, mar der wie mar in hiele lytse opkomst. Dat kaam troch it foartiid oproppen ta in boycot. Beide kampen claime dêrfandinne de winst; een nije ympasse liket berne.

In hiel protte merke we yn Bitola trouwens net fan dizze ‘meast histoaryske dei yn 27 jier’ foar it lân. De middeis sjogge we efkes yn in stimburo. It is der rêstich, it iennich opfallende is in buordsje dat seit dat it ferbean is wapens mei te nimmen… Foar it oare giet it libben hjir zijn gangetje: de terrassen sitte ek hjoed wer fol. Men drinkt een glas en doet een plas...

Mar is alles wat liket wol wier? De jûns is der wrachtich efkes oproer, as in hûnderttal minsken troch de sintrale strjitte rint mei Masedoanyske flaggen. Hieltyd wer skandearje se de namme fan it lân. Foar de dúdlikens: sûnder 'Noard' derfoar. Us ober lit de dingen op har berin. As ik him der nei freegje, jout er ta, sels net stimd te hawwen. De fraachstelling doogde neffens him net: te folle mitsen en maren. Krektlyk as de útslach eins: te folle mitsen en maren.