en fy eu mk sl ga

Oare Wurden

2016-04-08 10:15 —

Tij, taoide, tide

Op snein 17 april om 14.00 oere is der yn de âlde suvelfabryk fan Marrum in middei mei literatuer, keunst en muzyk. Oanlieding foar dizze feestlike middei binne de ‘residencies’ fan twa Ierske keunstners yn Fryslân. Beide keunstners, in skriuwer en in byldzjend keunstner, wurkje de kommende wiken yn Fryslân en dogge ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer. Se dogge dat yn it ramt fan it Tosta en Other Words / Oare Wurden, beide projekten fan San Sebastian Kulturele Haadstêd 2016).

Twa skriuwers dy’t selektearre binne foar it Oare Wurdenprojekt,  André Looijenga en Réaltán Ní Leannáin, binne oanwêzich en sille ynterviewd wurde. André strykt kommende simmer acht wiken yn Masedoanië del en sil dêr skriuwe en meidwaan oan it literêre libben. De Ierske skriuwster Réaltán Ní Leannáin wennet fan 12 april ôf acht wiken yn Ljouwert en sil dêr skriuwe.   

In tal Fryske skriuwers sil op dizze middei út eigen wurk foardrage, de Ierske keunstner Nuala Ní Fhlathúin fertelt oer har ûnderfiningen yn Fryslân, der is muzyk fan De Tigers fan Greonterp, der is in performance fan de keunstners Kaneli & Smit mei de band Skelectief.

Oan dizze middei dogge mei: Nuala Ní Fhlathúin, Réaltán Ní Leannáin, André Looijenga, Elmar Kuiper, Peter van Lier, Simon Oosting, Sigrid Kingma, Wies Noest, De Tigers fan Greonterp, Kaneli & Smit en Skelectief. Partners: Afûk, Tresoar, DSS2016, LWD2018.

De tagong is fergees!

 

Tide, taoide, tij

17 april, 14.00 - 16.00 oere

Suvelfabryk Marrum

Hearewei 2A, Marrum